David Fabricius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat. ferw
ferw.
Rigel 1:
'''David Fabricius''' (*1564 yn Esens ([[East-Fryslân]]); † 1617 yn Osteel) wie in East-Fryske [[teolooch]], amateur[[astronoom]] en kartograaf. Hy wie de heit fan [[Johannes Fabricius|Johann Fabricius]], dy't yn it jier 1611 syn earste wittenskiplike stik oer sinneflekken skreau, neidat er tegearre mei syn heit de sinne ûndersocht hie.
 
David Fabricius ûndersocht ûnder oare de [[sinne]] fan ús [[sinnestelsel]] en de moanne fan de ierde. Fierders ûndersocht er [[stjer]]ren en planeten; hy hie bysûndere ynteresse foar de planeet mars. Neist de [[astronomy]] hie er belangstelling foar de [[meteorology]]. Yn 1589 makke hy de earste printe kaart fan East-Fryslân.