Ferskil tusken ferzjes fan "Brûnstiid"

2.235 bytes grutter ,  10 jier lyn
== Fryslân ==
It [[Frysk Museum]] hat in swurd út de Woldgemeente by [[Stienwyk]] (1100 f.Kr - 1200 f.Kr.)ien út de [[Tsjonger]] fan it saneamde Hallstattype (± 900 f.Kr. - 800 f.Kr) enin moai offermes út [[Appelskea]] (± 100 f.Kr.). De yn Fryslân fûne eksimplaren toane goed de ûntwikkeling fan sân- ta kokerbile. Der binne ek in ta brûnzen spearpunten fûn.
 
== Grêfheuvels ==
[[Grêfheuvel]] binne meast opboud út omkeard lizzende heideseadden (de heidefjilden moatte sûnt de iere Brûnstiid as sletten formaasje opkomd wêze). De deaden krije suver hast gjin grêfjeften mei. It ûndersyk mei de skeppe is dus tige foarsichtich dien wurde, want it grêfritueel hâlde in soad yn. A.E. van Giffen ûndersocht yn [[1928]] de Biesterveldheuvel by [[De Knolle]]. Yn it Frysk Museum is hjir in makette fan. De foet fan de seaddeheuvel lei mids in twafâldige, ticht stelde peallekrâns mei fierder oan de binnenside in staketsel fan ticht by inoar setten lytse pealtsjes, wierskynlik eartiids mei flechtwurk ferbûn. In ynspringend gedielte oan de noardwestkant fan de dûbele peallekrânse wiist op in leter ôfsûnderliktichte yngong fan it begraafplak. Dit ynspringende diel komt oerien mei in iepening yn it staketsel. Dizze blokkearre yngongen skine de deaden fan de libbenen ôfslute te moatten. De deaden út de iere Brûnstiid waarden meast bysetten yn mei fjoer útholle beamkisten dy't yn djippe grêfskachten leinen. Dêrneist kaam ek al gau de lykferbaarning yn swang. De lange foarm fan it grêf bleau ynearsten. Dizze foarm fan begraven is út de midden Brûnstiid. Dêrnei wurdt de grutte fan de lykkûle lytser. De grêfheuvels út de Brûnstiid waarden ornaris wer brûkt foar lettere bysettings (meastentiid yn de râne). Sa kin soksoarte begraafplak útgroeie ta in begraafplak foar de hiele famylje of groep. Ek yn de brûnstiid kamen der stees wer oare befolkingsgroepen nei Fryslân ta. Yn it lêst fan de brûnstiid komt it saneamde urnefjildenfolk, dat syn deaden ferbaarnde. Dizze minsken dienen de jiske yn urnen en setten dizze by yn in kûltsje dêr't se dan in rûn greppeltsje omhinne makken. De grûn hjirút waard opsmiten ta in heuveltsje oer it grêf. Soksoarte urnefjilden mei greppelrûnten wurde nekropoalen neamd. Van Giffen hat in moai foarbyld ûntdekt by [[Easterwâlde]] (1925). Dizze urnefjilden út de lêste brûnstiid komme ek foar yn de Foarromeinske izertiid. ( ± 800 f.Kr oant it begjin fan de jiertelling) By it iere urnefjildepotguod falle earst de glêde sauste foarmen op, letter ek kartelrânige urnen fan it saneamde Harpstedter-type
 
==Keppeling om utens==
56.977

bewurkings