Skiednis fan Sina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 47:
Yn de [[Earste Wrâldkriich]] keas Sina de kant fan alliearden. Japan, dat offisjeel ek de kant fan de alliearden keazen hiel, besette lykwols de Dútske konsesje [[Shantung]] yn Sina, en besocht ûnderwilens mei "21 easken" in grut part fan harren soevereiniteit ôf te nimmen. Nei de kriich kamen dizze gebieten oan Japan ta. Yn Sina bruts in ûnrêstige tiid oan mei in protte [[anargy]] en ferskate minsken besochten tagelyk de macht nei harren ta te lutsen. Dizze minsken wurde de ''Kriichshearen'' neamd. Der woede in boargeroarloch dêr't yn [[1925]] in ein oan kaam, doe't de leider fan de Nasjonalistyske [[Kwo Min Tang|Kwo Min Tang partij]], [[Tsjiang Kay-tsjek]] alle oerbleaune Kriichshearen ferslaggen hie.
 
Foar Sina begûn de [[Twadde Wrâldkriich]] al yn [[1937]] troch de besetting fan [[Japan]] fan grutte gebietsdielen yn it easten mei û.o. de haadstêd. Dat partfanpart fan it lân waard liede troch in Pro-Japanske Sineeske Regering. Doe't Japan yn [[1945]] de kriich ferlear waard kaam oan dizze regearing in ein en waard it hiele lân wer ferienige ûnder de [[Kwo Min Tang]] ynklusyf Matsjoerije.
 
===Folksrepubyk Sina===