Ambrosius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ca:Ambròs de Milà
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: br:Ambroaz a vMilano - oars: eo:Ambrozio de Milano; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:AmbroseStatue.png|right|thumb|175px|Stânbyld fan de Hillige Ambrosius]]
De '''Hillige Ambrosius''' ([[339]] — [[4 april]] [[397]]) wie in [[tsjerkfaar]]. Hy wie [[biskop]] fan [[Milaan]], en hat in protte skreaun oer de Tsjerke.
 
== Libben ==
Ambrosius waard berne yn 339 yn [[Trier]], dêrt't yn dat tiidrek de keizer fan it [[West-Romeinske Ryk]] setele; syn heit hie dêr de funksje fan pretorjaansk prefekt foar de Galyske provinsjes. Hy stamme ôf út in ryk Romeinsk laach dat him bekeare litte hie ta it kristendom. Yn Rome studearre de jonge Ambrosius wittenskippen en de keunst fan sprekken (rede) yn it iepenbier. Under keizer [[Falentinianus II]] makke hy opgong as gûverneur fan de Noard-Italjaanske provinsje.
 
Doedestiids bestie yn West-Jeropa it [[Arianisme]] noch as wichtige kristlike streaming. Yn Milaan wie der in striid geande tusken Arianen en Ortodoksen. It hie der mei te krijen dat nei de dea fan de biskop fan Milaan, [[Auksentius]], der in situaasje ûntstie dat Ortodoksen en Arianen allebeide harren kandidaten beneamd hawwe woenen en sy der mar net yn slaggen om hjir oer iens te wurden. Yn de katedraal dêr't de gearkomste hâlden waard, rûn dit sa heech op dat sy Ambrosius, yn syn funksje fan gûverneur om help rôpen. Hja wienen sa oer him te sprekken en hy befoel sa bêst dat it folk him ienriedich en hielendal net ferwachte - hy hie gjin inkele tsjerklike wijing en wie sels net doopt - ta biskop ferkeazen. Hy liet him fuortendaliks dope en waard acht dagen letter ta biskop wijd.
Rigel 13:
Ambrosius is de [[patroanhillige]] fan de [[ymker]]s. Der is in leginde dy't seit dat der boppe de widze fan Ambrosius in swaarm bijen fleach en de bijehuning yn de mûle fan de poppe dripke. Dêrom wurdt sein dat it sprekken fan dizze hillige "swiet as huning" wie.
 
== Wurken ==
 
Utsein syn drokke politike en diplomatike aktiviteiten hie Ambrosius tiid om in soad te skriuwen, en ûnderhâlde in libbende briefwiksel mei oare tsjerkelearden en politisy. Syn wurken binne te ûnderskieden yn:
Rigel 49:
=== Brieven en rede ===
 
Ambrosius hat ek enkele fan de meast bekende liturgyske hymnen skreaun, dy't noch altyd brûkt wurde by de Latynske [[liturgy]], û.o. syn [[hymne|jûnhymne]] (''Aeterne Rerum Conditor'') en it earste oerlevere Krystliet ''Veni Redemptor Gentium'', dat troch [[Martin Luther]] letter oerset is oan [[Nun komm, der Heiden Heiland]]. Syn namme is fierder foaral ferbûn oan it Ambrosiaansk, in foarm fan it [[Gregoriaanske muzyk|Gregoriaansk]].
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.newadvent.org/fathers/ Wurken fan Ambrosius, (oersettings yn it Ingelsk)]
 
Rigel 59:
 
[[be:Амвросій Міланскі]]
[[br:Ambroaz a vMilano]]
[[ca:Ambròs de Milà]]
[[cs:Svatý Ambrož]]
Line 66 ⟶ 65:
[[el:Αμβρόσιος Μεδιολάνων]]
[[en:Ambrose]]
[[eo:Sankta Ambrozio de Milano]]
[[es:Ambrosio de Milán]]
[[et:Ambrosius]]