Freark III fan it Hillige Roomske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
red
Rigel 8:
Yn [[1452]] troude Frederik mei prinses [[Eleonora Helena fan Portegal]], har breidsskat helpe him by syn finansjele problemen. Yn datselde jier waard hy yn [[Rome]] troch [[Paus Nikolaas V]] kroand ta keizer fan it Hillige Roomske Ryk.
 
Frederik III hie tal fan tsjinstanners yn de striid om de macht. Frederik III hat yn syn lange regearperioade nea in fjildslach wûn, hy besikebesocht op oare manearen syn macht te fergrutsjen. Sa hold hy syn neef [[Ladislaus Posthumus]], de erfopfolger fan [[Albrecht V]], lange tiid finzene mei de bedoeling de kontrôle oer [[Neder-Eastenryk]] te behâlden. Yn 1452 waard Ladislaus frijmakke troch eallju út Neder-Eastenryk.
 
Uteinlik soe hy syn tsjinstanners oerlibje. Yn [[1457]] stoar Ladislaus Posthumus doe’t der 17 jier wie. Fan him erfde hy Neder-Eastenryk. Dêrnei oerleedferstoar yn [[1463]][[ Albert VI]] fan wa hy [[Opper-Eastenryk]] erfde.
 
Súkses hie Frederik III ek by it sykjen fan in houlikspartner foar syn soan en opfolger [[Maksimiliaan I]]. Nei dat Karel [[de Stoute]] it stedsje [[Neuss]] fan [[july]] 1474 oant [[juny]] [[1475]] belegere hie, gie Frederik III de ûnderhannelings oan mei Karel de Stoute. Frederik III krige it houlik fan Maksimiliaan mei de dochter en erfgenaam fan de hartoch fan [[Boergonje (regio)|Boergonje]], [[Maria fan Boergonje]], foar elkoar. Sa soarge Frederik III foar in grutte útwreiding fan it kroandomein fan it Habsbuorchske Hûs.