Shorttrack: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Wat feiten. No noch ien dy't sizze kin wat de sport is.
 
No edit summary
Rigel 1:
'''Shorttrack''' (letterlik: ''Koartebaan'') is in groepstart-foarm fan it [[reedriden]]. ItDer wurdt rideriden op in ovale baan fan 111,12 meter lang, meast mei in groep fan 4 oant 6 dielnimmers tagelyk.
 
== Skiednis ==
Shorttrack is ûnstien yn [[Noard-Amearika]] dêr't groepstartin itgroepsstart normaleby it reedriden earder wenst wie. Sa waarden de gewoane reedryd-nûmers op de langebaan op de [[Olympyske Winterspullen]] fan [[1932]] yn [[Lake Placid]] ek op dizedy wize dienôfwurke, wat de dielnimmers út de rest fan de wrâld net went wienen.
 
It hurdriden op redens hat him yn Amearika en Kanada hiel lang beheind ta de shorttrack omdat de riders allinne de lytse iishockeybanen ta har beskikking hiene. Oerienkomst mei it [[koartebaanriden]] sa't we dat yn Nederlân, en benammen yn Fryslân kenne, is dat de toernoaien neffens in ôffalsysteem ôfwurke wurde. Tiden en rekôrs telle folle minder as by it langebaanriden, it binne mear taktyk en akrobatyk dy't by shorttrack om'e hoeke komme. Yn it waarme Súd Amearika is de lêste tsientallen jierren in "simmerske" fariant ûntwikkele: skeelerje op de koarte baan, njonkenlytsen ek yn Noard Amearika tige populêr.
Om't kompetysjes faaks binnen hâlden waarden, wat yn dy tiid yn die tiid betsjutte dat de baan lytser waard as bûten, hat shorttrack in oare ûntwikkeling trochmakke as it baanriden.
 
Sûnt [[1967]] heart shorttrack ta de [[International Skating Union]], dy't der sûnt [[1976]] wrâldkampioenskippen yn hâldt. Sûnt [[1992]] is it in fêst partûnderdiel fanop de Olympyske Winterspullen.
 
== No ==
De standertbaan is no de iishockeybaan fan 30 by 60 meter. De muorren fan de hal wurdt sêft beklaaie, en de dielnimmers hawwe beskermendebeskermjende klean en in helm. Dat moat ek om't de bochten skerp binne, en de faart wol oant 30 km/oere oprinne kin. Om't der in soad bochten nommen wurde moatte brûke de dielnimmers redens mei izers dy't nei de binnenkant fan de bocht set binne.
 
== Nûmers ==