Domitianus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
Rigel 5:
Domitianus wie nei Titus de twadde keizer binnen de [[Flavyske dynasty]] dy't de troan troch fererving krige. By de [[Romeinske senaat]], en benammen by de histoarikus [[Publius Cornelius Tacitus|Tasitus]] wie hy net tige populêr. Lykwols wied er in kundich bestjoerder en befelhawwer fan it leger dy't der in slagge de skatkiste wer fol te krijen. De legioenen oan de [[Limes]] (Ryn) waarden troch him reorganisearre. Hy ferpleatste it 22ste ''Primigenia'' fan Neder- nei Boppe-Germaanje en set in nij legioen derfoar yn it plak: de earste ''Minervia''. Fijannige folken as de [[Sjatten]] ûnderwurp er en in part fan Germaanje (it tsjintwurdige [[Baden-Württemberg]]) kaam yn Romeinske hannen.
 
Oan de Donau hie hy te krijen mei in slimme bedriging troch de [[Kwaden]], [[Markomannen]] en [[Daasjers]]. In folslein Romeinsk legioen waard troch de [[Sarmaten]] ferneatige. [[Desebalus]], de kening van [[Daasje]] luts de [[Donau]] oer [[Moesje]] yn en deade Oppius Sabinus, de Romeinske gûverneur. Dêrnei lutsen de Daasjers harren gau wer tebek. Domitianus sinde op wraak en stjoerde it Romeinske leger Daasje yn, dêr't hja ferslein waarden. Domitianus joech lykwols net op en stjoerde syn generaal Antonius Julianus op 'e nij it fijannige gebiet yn, diskear mei súkses. De Dasyske kening moast om frede freegje en keizer Domitianus hâlde in triomftocht yn Rome.
 
Keizer Domitianus waard fermoarde troch in gearspanning yn syn paleis dêr't syn frou [[Domitia Longina|Domitia]] en offisieren fan de [[Pretoarjaanske garde]] by belutsen wienen.
Rigel 41:
[[he:דומיטיאנוס]]
[[hr:Domicijan]]
[[hu:Titus Flavius Domitianus római császár]]
[[is:Dómitíanus]]
[[it:Domiziano]]