Aurelianus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: arz:اورليانوس
Xqbot (oerlis | bydragen)
Rigel 2:
'''Lucius Domitius Aurelianus''' ([[9 septimber]] [[214]] - septimber/oktober [[275]]) wie [[List fan Romeinske keizers|Keizer fan Rome]] fan [[270]] oant septimber/oktober 275. Aurelianus wie in súksesfol generaal en it hat foar in grut part syn fertsjinste west dat it [[Romeinske Ryk]] net yninoar sakke. Hy wie ien fan de meast krêftdiedige keizers út de Romeinske histoarje. Syn bynamme wie ''manu ad ferrum'', (hân op it swurd).
 
Aurelianus folgde [[Klaudius II]] 'Gothicus' (foar koarte tyd opfolge troch syn broer [[Quintillus]]) op as keizer neidat dizze oan de pest beswykt wie. Earder hie hy Klaudius holpen om keizer te wurden doe't [[Gallienus]] fermoarde waard.
 
== Herstel fan de Romeinske Macht ==
Doe't Aurelianus keizer waard rûn it him yn it begjin net mei. It Romeinske ryk wie yn gaos. De [[Allemannen]] foelen oanhâldend oan
en de Goaten hienen frij spul op de [[Balkan (skiereilân)|Balkan]]. Yn jannewaris [[271]] hie hy te krijen mei in bretale ynfal fan de Allemannen yn [[Itaalje]]. Hy gie derhinne mei it leger, mar ferlear de [[slach by Placentia]]. Hy liet it der by sitte en gong fuort en gie daliks mei syn leger oan'e gong en helle rûnom ekstra troepen wei. Mei dit fersterke leger koe hy de Allemannen datselde jier yn twa oare slaggen wol ferslaan. Hy wie hjirtroch in stik wiizer wurden en fûn dat de Romeinske haadstêd [[Rome]] net langer feilich wie foar fijannen. Dêrom joech hy opdracht in grutte stêdsmuorre, (de [[Aureliaanse Muorre]]) om Rome hinne te bouwen.
[[Ofbyld:Porta Asinaria 2948.JPG|left|thumb|300px|De ''Porta Asinara'', in poarte yn de Aureliaanske Muorre.]]
 
Rigel 13:
Ek tsjin oare fijannige folken hie Aurelianus súkses. De [[Fandalen]] waarden troch him út [[Pannoanje]] ferdreaun en de westlike provinsjes dy't sûnt de opstân fan [[Postumus]] yn [[261]] in eigen ryk foarmen, waard troch him wer by it ryk foege. Ek yn it easten wie hy súksesfol doe't hy in ein makke oan de opstân fan [[Palmyra (Syrië)|Palmyra]]. Hjirtroch waard it hiele ryk wer feriene .
 
Utsein syn súksessen op militêr gebiet, hie Aurelianus ek súkses op in hiel oar mêd. Finansjeel wie it noch hieltyd in gaos yn it ryk. Ekonomysk gong it min en der wie in heech oprinnende ynflaasje. Aurelianus makke dêr in ein oan en herfoarmde it muntsysteem mei syn sestertii. Fierders makke hy in oanset ta de oprjochting fan in eigen steatsreligy. De kultus fan [[Sol Invictus]], de sinnegod waard troch him befoardere en oare leauwen as dy fan de [[Kristenen]] waarden troch him opnij ferfolge.
 
== Dea ==
Aurelianus wie in súksesfolle keizer mar hie dochs in soad fijannen. By in fjildtocht yn it easten waard hy fermoarde ([[275]]). [[Tasitus]] waard ta syn opfolger keazen. .
 
== Eksterne links ==
*[http://www.roman-emperors.org/aurelian.htm {{aut|C. Körner}}, art. oer Aurelianus (A.D. 270-275), yn ''DIR'' (2001).] (Ingelsk)
*[http://www.ethesis.net/invictus/invictus_inhoud.htm, P. Devlaminck, ''De Kultus fan Sol Invictus. In fergelykende studzje tusken keizer Elagabal(218-222) en keizer Aurelianus (270-275)'', diss. Universiteit Gint, 2003-2004.]
 
[[kategoryKategory:Romeinske keizer]]
 
{{Link FA|fi}}
Rigel 44:
[[he:אורליאנוס]]
[[hr:Aurelijan]]
[[hu:Lucius Domitius Aurelianus római császár]]
[[io:Lucius Domitius Aurelianus]]
[[is:Aurelianus]]
Rigel 55:
[[mr:ऑरेलियन]]
[[ms:Aurelian]]
[[no:Aurelian]]
[[nl:Aurelianus]]
[[no:Aurelian]]
[[pl:Lucjusz Domicjusz Aurelian]]
[[pt:Aureliano]]