Sahel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map sahel.jpg|thumb|250px|Lizzing fan de Sahel yn [[Afrika]].]]
De '''Sahel''' is in lânsdouwe yn [[Afrika]]. dy'tIt gebiet leit tusken de [[subtropen]] yn it suden (10 graden NBnoarderbreedte) en de [[Sahara]]-woastyn yn it noarden (om-ende-bylikernôch 23,5 graden NBnoarderbreedte) leit. Oan de westsidewestkant wurdt it begrinzgegebiet beheine troch de [[Atlantyske Oseaan]] en oan de eastsideeastkante troch de [[Reade See]]. UngefearLikernôch itselde gebiet waardhat eartiidsearder de namme Soudan neamdhân, dat net tetrochinoar helle wurde betizenmoat mei it tsjintwurdehjoeddeistige lân [[Sûdan]].
 
De neifolgjende lannen, neamd fan west nei east, meitsje diel út fan de Sahel: [[Senegal]], [[Gambia]], [[Mauritaanje]], [[Maly]], [[Boerkina Faso]], [[Niger]], [[Nigearia]], [[Tsjaad]], [[Sûdan]], [[Etioopje]], [[Eritrea]], [[Dzjibûty]], [[Somalylân]] en [[Somaalje]]. Ek de noardlike parten fan [[Ivoarkust]], [[Gana]], [[Togo]] en [[Benyn]] kinne der ta rekkene wurde. In protte Sahellannen hearre ta de earmste fan de wrâld.
 
== Namme ==
De namme Sahel komt fan it [[Arabysk]]e ساحل, ''sahil'', dat 'kust' of ''grins'' betsjut, dêr't de ''kust'' fan de woastynwoastine mei bedoeld wurdt. Dêrom wurdt bygelyks de relatyf lytse kuststripe by [[Sousse (gûvernemint)|Sousse]] yn [[Tuneezje]] ''Sahel'' neamd.
 
==Geografy==
[[Ofbyld:Senegal dry wet 540.jpg|thumb|left|250px|''In foto fan in stik lân yn Senegal. Lofts it lân yn it droege seizoen, rjochts yn it wiete seizoen.'']]
 
De Sahel rint fan east nei west, oer it hiele Afrikaanske wrâlddiel. Yn it westen wurdt it begrinzge troch de Atlantyske Oseaan en yn it easten troch de de Reade See, it hat in langte fan 3.862 kilometer. De breedte feroaret fan inkele hûnderten kilometer oant tûzen kilometer. It totale oerflak is sa’n 3.053.200 kante kilometer.
 
== Ferwoastining ==
De Sahel is in oergongsgebiet tusken [[woastyn]] en [[savanne]] dêr't it tige skrok is en dêr't sprake is fan [[ferwoastining]] fan it oarspronklik savannelânskip. De ferwoastining is tagelyk it wichtichste miljeuprobleem. Trochstrings bedraacht de delslach sa'n 150 oant 500 mm yn it jier. It meastepart fan de rein falt yn it [[Reintiid|reinseizoen]]. Trochdat de waaksende befolking in protte (brân)hout brûkt en keppels fee de jonge leaten fan de fegetaasje opfrette, ferdwynt de fegetaasje en kin de woastyn oprukke. Foar in protte minsken is it finen fan geskikt [[drinkwetter]] in grut probleem.
 
It giet om in relatyf flak gebiet op in hichte, yn de measte parten, tusken de 200 en 400 meter. Ferskate plato’s en berchrêgen lizze yn it gebiet, mar se wurde net ta it ekologyske gebiet fan de Sahel rekkene omdat dêr oar libben is.<ref>[http://www.worldwildlife.org/wildworld/profiles/terrestrial/at/at0713_full.html#just], Sahelian Acacia savanna, WWF Scientific Report (sjoen op 27 oktober 2009)</ref>
Fierders hat de Sahel-regio nei alle gedachten te lijen fan [[Global dimming]], dy't it gefolch is fan fersmoarging fan de [[atmosfear]] troch de útstjit fan ôffalstoffen. Omdat de Sahel ticht by de evener leit, kinne de temperatueren hiel bot oprinne. Lykwols is de wittenskiplike kennis wat it klimaat oangiet net folslein om goede konklúzjes te lûken.
 
Nei alle gedachten hat de Sahel te krijen mei [[globale sinsfertsjustering]], dat it gefolch is fan fersmoarging fan de [[atmosfear]] troch de útsjit fan ôffalstoffen. Reindrippen foarmje har yn de atmosfear troch harren fêst te setten oan swevende dieltsjes, oant se sa swier wurden binne dat se delkomme as rein. Troch de fersmoarging binne der mear dieltsjes yn de atmosfear, wêrtroch der mear drippen foarme wurde. Mear swevende drippen betsjut dat der mear ljocht fan de [[sinne]] tsjin hâlden wurdt en werom de romte yn reflektearre wurdt. Der binne ek minsken dy’t sizze dat dit alles in natuerlik barren is, en it yn it ferline op oare plakken op ierde ek bard hat. Omdat de Sahel ticht by de [[evener]] leit, kinne der sokke ekstreme temperatueren ûntstean. De wittenskiplike saakkundigens wat klimaat oanbelanget is op it stuit net folslein om in goeie konklúzje lûke te kinnen.
 
Yn de skiednis hat de Sahel it gebiet west fan in ferskaat oan grutte keninkriken dy’t gebrûk makken fan hannel troch de woastine. Dizze steaten wurde wol de Sahelske keninkriken neamd.
 
==Lannen==
De neikommende lannen lizze yn it gebiet fan de Sahel. De lannen steane opnomd fan west nei east:
 
*[[Senegal]]
*[[Gambia]]
*[[Mauritaanje]]
*[[Maly]]
*[[Boerkina Faso]]
*[[Niger]]
*[[Nigearia]]
*[[Tsjaad]]
*[[Sûdan]]
*[[Etioopje]]
*[[Eritrea]]
*[[Dzjibûty]]
*[[Somalylân]]
*[[Somaalje]].
 
Ek de noardlike parten fan [[Ivoarkust]], [[Gana]], [[Togo]] en [[Benyn]] kinne der ta rekkene wurde. In protte Sahellannen hearre ta de earmste fan de wrâld.
 
==Flora en Fauna==
[[Ofbyld:Sahel forest near Kayes Mali.jpg|thumb|right|250px|''Bosk yn de Sahel yn Maly.'']]
 
De Sahel is foar it meastepart bedekt mei gerslân en savanne, mei gebieten fan [[bosk]] en [[beamkeguod]]. Gers komt hast oeral yn it gebiet foar, gerssoarten as ''Cenchrus biflorus'', ''Schoenefeldia gracilis'' en ''Aristida stipoides'' groeie der. Akasia beamen komme in protte foar, mei de ''Acacia tortilis'' as measte, tegearre mei ''Acacia senegal'' en ''Acacia laeta''. Oare beamsoarten binne ''Commiphora africana'', ''Balanites aegyptiaca'', ''Faidherbia albida'' en ''Boscia senegalensis''. Yn de noardlike kriten komme it woastine beamkeguod foar, mei stikken gerslân en savanne. Yn it droege seizoen falle by in soad beamen it blêd ôf en giet it gers dea.
 
De Sahel is it thús fan grutte populaasjes fan grutte gersiters, wêrûnder de [[hoarn-antilope]], guon soarten [[gazelle]]n, tegearre mei inkelde Afrikaanske rôfbisten, lykas de [[Afrikaanske wylde hûn]], it [[jachtluipaard]] en de [[liuw]]. De populaasjes fan de grutte bistesoarten binne yn de rin fan de tiid bot ôfnaam troch de jacht en kompetysje mei it fee fan de boeren. Guon soarten wurde bedriigd of bin al útstoarn.
 
[[Wietlân|Wietlannen]] komme ek yn de Sahel foar. Se binne wichtich foar de [[migraasjefûgels]] dy’t binnen Afrika lûke of tusken [[Jeropa]] en Afrika.<ref>[http://www.worldwildlife.org/wildworld/profiles/terrestrial/at/at0713_full.html#just], Sahelian Acacia savanna, WWF Scientific Report (sjoen op 27 oktober 2009)</ref>
 
==Buorkjen==
De earsten bewizen fan planten dy’t foar it buorkjen plante waarden yn de Sahel komme fan om 5000 foar Kristus, doe waarden kafferkoaren en rys plante. Om de selde dy’t, en yn deselde regio, waard it [[pearelhúnder]] tam makke.
 
Om 4000 foar Kristus waard it klimaat yn de Sahel en de Sahara yn rap tempo droeger. Dizze klimaat feroaring soarge derfoar dat marren en rivieren lytser en smeller waarden, wêrtroch it ferwoastinings proses op gong kaam. Hjirtroch waard it lân dêr’t op buorke wurde koe hieltyd lytser, dat der kaam in migraasje op gong fan boeremienskippen dy’t ferfarden nei [[West Afrika]].
 
==Nomaden==
[[Ofbyld:Azawakh 52 jd.jpg|thumb|left|250px|''Sahelfolk mei harren hûnen en fee.'']]
 
Fan âlds út hat de Sahel it gebiet west dêr’t [[nomaden]] yn libben. Se buorken en hienen fee en ferhúzen yn it reinseizoen nei it noarden en yn it droegere seizoen nei it suden. Nei alle gedachten is it de bêste manear fan libben yn de Sahel, ek foar it behâld fan de natuer. It ferskil tusken it noarden en it suden yn fegetaasje is dat it droege noarden in mear foedsumere boaiem hat, wylst it suden wieter is. Sa yn it droege seizoen waard der ferhuze nei plakken wêr’t in soad te iten wie, mar dat net tige foedsum wie. Yn it wiete seizoen gie it folk nei it noarden, wêr’t mear foedsumer iten wie.
 
Dizze manear fan libben komt hieltyd minder foar. Minsken gienen harren mei de tiid mear op ien plak setten, dit hat de reden west fan ferskate konflikten mei nomaden yn it gebiet.
 
==Sahelske keninkriken==
De [[Sahelske keninkriken]] binne in ferskaat oan keninkriken west dy’t harren yn de Sahel setten hienen. De keninkriken krigen harren rykdom troch de hannelsrûtes troch de Sahel te kontrolearje. De macht kaam fan in grut pak oan bisten as [[kameel|kamelen]] en [[hynder]]s dy’t hurd genôch koenen om in grut keninkryk ûnder kontrôle te hâlde, ek waarden se ynset foar fjildslaggen. Al dizze keninkriken wienen desintralisearre, ferskate steden hienen sels in protte te sizzen, yn de foarm fan selsbestjoer. De earste grutte keninkriken fan de Sahel ûntstienen nei 750, mei ferskate grutte stêden by de rivier de Niger, wêrûnder Timbûktû, Gao en Djenné.
 
==Droechte==
Yn [[1914]] hat der in grutte droechte west yn de Sahel, de jierlikse reinen wienen net bot genôch, dat der ûntstie in krapte oan wetter. Yn de sechtiger jierren fan de [[20e ieu]] foel der in soad wetter, wêrtroch de noardlike parten fan de Sahel tagonkliker waarden. Minsken ferhuzen nei it noarden, ek ûndersteund troch de regearingen fan de lannen. Mar mei it útbrekken fan in lange droege perioade, tusken [[1968]] en [[1974]], wie it net mear mooglik om dêr te wenjen. Grutte stikken fan it lân rekken ferlitten. Lykas yn 1914 ûntstie der in krapte oan wetter, mar dat waard no, foar in doel, opfong troch de ynternasjonale mienskip. Dizze situaasje let ta de stifting fan de [[Ynternasjonale Fûns foar lânbou-ûntwikkeling]].
 
== Keppelings om utens ==
* [http://www.worldwildlife.org/wildworld/profiles/terrestrial/at/at0713_full.html Sahelske Acacia savanna (WWF)]
* [http://www.nationalgeographic.com/wildworld/profiles/terrestrial/at/at0713.html Sahelske Acacia savanna (National Geographic)]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
 
[[Kategory: Afrika]]