Batumi: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: hy:Բաթումի
fw
Rigel 3:
 
Yn de [[Aldheid]] stiften de [[Griken]] de koloanje ''Batis''. Sûnt de [[11e ieu]] bekend om syn fersterkings en sûnt de midsieuwen part fan Geörgje.
Foardat de stêd yn 1878 yn Russyske hannen kaam, hearde it sûnt de [[16e ieu]] by it Ottomaanske ryk. Om dizze reden binne de measte ynwenners fan Batûm en Adzjaarje [[islamitysk]]. Dit yn tsjinstelling ta de measte oare ynwenners fan Geörgje, dy't [[Kristendom|kristlik]] binne. Yn de tiid fan Stalin waard de moslimbefolking ûnderdrukt. [[Josef Stalin]] sels wenne yn 1901 in skoftke yn de havenstêd om stakings te organisearjen. It Stalin-museum werinneret noch oan dizze tiid.
 
Batûm leit yn in regio mei in [[subtropysk klimaat]], en is om dy reden útfierhaven fan sitrusfruchten, tee, tabak en hazzenuten. De stêd is it einpunt fan de Transkaukasyske spoarline en fan de [[Bakoe]]-oalje-piipline. De oalje wurdt oerpompt yn boaten dy't dêrmei rjochting Midslânske See farre. Guon oalje wurdt earst bewurke yn de raffinaderijen.