Dylan Thomas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf fan nl
Rigel 22:
Yn [[1952]] giet er noch in kear mei Caitlin nei Amerika, it wurdt in grut súkses, hy lûkt groatfolle sealen. Nei dizze toernee werhellet er dy noch in pear kear, mar komt dan hast net mear oan it skriuwen ta. Ek yn 1952 ferskynt de bondel ''Collected Poems'', mei it ferneamde ''Do not go gentle into that good night'', in gedicht oer de dea fan syn heit, en makket er syn [[harkspul]] ''Under Milk Wood'' ôf (ek oerset troch [[Hugo Claus]]).
 
Yn april 1953 ferfart er opnij nei de Feriene Steaten foar de Amerikaanske premiêre fan ''Under Milk Wood''. Opnij is er tige súksesfol. Hy moetet de komponist [[Igor Stravinsky]], dy't him freget om it libretto foar in opera te skriuwen, mar der komt Dylan net oan ta. Hy rekket út de liken fan it toernee, mar docht it dochs wer yn oktober fan dat jier, hy wennet dan yn it ''Chelsea Hotel'' yn [[New York City|New York]]. Op 5 novimber 1953 giet er te stappen en komt mear dea as libben yn it hotel werom. Nei alle gedachten is de kombinaasje fan alkohol ("I've had 18 straight whiskies. I think that's the record", hie er dy jûns noch sein) en syn [[sûkersykte]] him fataal wurden. Boppedat kinne der fraachtekens set wurde by de behanneling dy't er fan dokter Felsenstein kriget. Hy wudt noch nei it sikehûs brocht en blykt ek in longûnstekking te hawwen. It docht gjin fertuten. Dylan Thomas rekket yn in [[koma (genêskunde)|koma]] en stjert op 9 novimber. Hy wurdt begroeven yn [[Laugharne]].
 
== Priuwke poëzij ==