Ferskil tusken ferzjes fan "Breedtegraad"

gjin bewurkingsgearfetting
[[Ofbyld:World borders sat 0 90 geostat.png|thumb|300px|Kaart fan de [[ierde (planeet)|wrâldIerde]] sjoen fan rjocht boppe de [[noardpoal]]. De parallellen rinne sirkulêr mei ferskillende [[striel (wiskunde)|radii]].]]
 
De '''breedtegraad''' is tegearre mei de [[lingtegraad]] in [[geografyske koördinaten|geografyske posysjeoantsjutting]] yn [[bolkoördinaten]]. De breedtegraad fan in plak op Ierde is de hoeke dy't de ferbiningsline tusken dat plak en it middelpunt fan de Ierde mei it flak fan de [[evener]] makket. De breedtegraad farieart fan 0° oant 90°, mei de tafoeging NB (''noarderbreedte'', ten noarden fan de evener, op it [[noardlik healrûn]]) of SB (''suderbreedte'', ten suden fan de evener, op it [[súdlik healrûn]]). Ien graad (°) wurdt ûnderferdield yn 60 minuten ('), ien minút wurdt ûnderferdield yn 60 sekonden ("). Ien minút op in [[grutsirkel]] komt oerien mei in ôfstân fan ien [[seemyl]] of 1852 meter. In [[parallel]] of breedtesirkel is de line dy't alle punten ferbynt mei deselde geografyske breedte. Alle parallellen rinne lykstrekich oan elkoar. Ofsjoen fan de [[evener]] binne dit [[lytssirkel]]s, wêrtroch de ôfstân fan in sekonde ôfnimt mei tanimmende breedte oant nul op de [[Poal (astronomy)|poalen]].
7.155

bewurkings