Aldskou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
L Ljouwert (stêd)
Theun (oerlis | bydragen)
L Ljouwert (stêd)
Rigel 1:
'''Aldskou''' is in [[buorskip]] yn de himrik fan [[Akkrum]], yn de gemeente [[Boarnsterhim]], likernôch healwei tusken Akkrum en [[Jirnsum]].
 
It plak dêr't no Aldskou leit hat al ieuwen lang in wichtich punt west. De [[Griene Dyk]], de [[Alde Wjittering]] en it [[Prinses Margrietkanaal]] joegen yn de rin fan'e tiid tagong ta [[Snits]] en it súdwesten fan [[Fryslân]], de [[Boarn]] en de diken dêr bylâns joegen nei it easten tagong ta de [[Wâlden]], en ek de Boarn en letter it [[Prinses Margrietkanaal]] joegen tagong ta [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en it noarden fan Fryslân. It behearskjen fan Aldskou en [[Jirnsum]] hat dan ek yn in rige fan oarloggen fan strategysk belang west.
 
Sûnt op syn minst de [[17e ieu]] hat hjir in fearhûs en postiljonthûs west. Oant en mei [[1839]] hie [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] hjir in [[fear]] en in fearhûs, om't hjir de [[wei nei Oerisel]] oer de [[Alde Wjittering|Wjittering]] hinne moast, mar sûnt [[1840]] leit hjir in brêge. Mei it tanimmen fan it ferkear oer de wei waard ek de brêge fan strategysk belang, wat er west hat oant en mei de [[Twadde Wrâldkriich]].
 
Om't hjir it Prinses Margrietkanaal de Boarn krúst is it hieltyd noch in drok punt op it wetter, en is der noch altiten in útspanning.