Terbant: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kaartsje der by
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Strjitten: oanfolling
Rigel 36:
*[[Elske Schotanus]] (*1957), skriuwster en keunstner
 
== Strjitten ==
* ''Aenjewierwei'' - fan de eardere rotonde yn noardlike rjochting nei de grins mei [[Opsterlân]], troch de eardere gemeente [[Aenjewier]], dus fan It Fean troch [[Terbant]], [[Lúnbert]], [[Tsjalbett]] en [[Gersleat]]. Yn Terband is dat fan de "Pastoriesingel" oant de "Bantsterskâns". De wei wurdt al neamd op de kaart van Halma/Schotanus fan 1718, en hjit dan "Heeren Ryd Wech". It gedielte yn Gersleat ûnder de namme "Heeren Wech na de Luxter Horn" en it nei it suden rjochte diel "Gorre Dyk". Op in besteande wei waard yn 1857 in "Ierdebaan" oanlein. Yn 1859 oant Gersleat ta "Bevloerd" en begrind. Yn 1962, 1964, 1970 en 1998 (oanlis knooppunt It Hearrenfean) waard de dyk ferbetere, ferbrede en feroare.
Aenjewierwei, Bantsterskâns, Bornego, De Plasse, H B Jonkerwei, Heafeartswei, P G Otterwei, Pastorieleane, Skarwei.
* ''Bantsterskâns'' - nei it ferdigeningswurk [[Bantsterskâns]] út de [[17e ieu]].
* ''Bornego'' - yn it plak komd fan de eardere nammen "Spitsendyk", "Skoalwei" (deels), "Zwartswei" en "Simon van Cyrenewei". Bedoelde weiferbining tusken Lúnbert en Haskerdiken hat troch de rekonstruksje yn it kader fan de ruilferkaveling in dúdlik strekt ferrin krigen, mei as gefolch dat de doe besteande nammejouwing net mear logysk fûn waard. {{Bornegoa]] wie yn de 14e ieu noch bekend as distrikt yn de Steatsrjochterlike yndieling fan Fryslân, besteande út de [[gritenij]]en Utingeradiel, Aenjewier, [[Haskerlân]] (tegearre Boarnferd), Opsterlân (ek wol Haudmare) en [[Skoatterlân]].
* ''De Deelen'' - Deel is de namme foar inkele wetters. (Aldfrysk: dela, delven). [[De Deelen]] is in feanpolder fan 2700 ha. dy't yn [[Haskerlân]], It Hearrenfean, Opsterlân en Utingeradiel (letter Boarsterhim) lei. De polder is oprjochte yn 1919, net ûntstien út in earder feandistrikt, mar út de behoefte de destiids noch foar rovinsjale boezem lizzende grûnen te bedykjen. Dr is noch net folle ferfeante, mei omdat turf as branje net folle mear yn trek wie en is. By de oprjochting hat men yn twifel stien ift it net better wie der in wetterskip fan te meitsjen. De ferspriede lizzing fan feanpetten hâldt droechlizzing en kultuer tsjin. Dêrom is konsintraasje fan de ferfeanting yn bepaalde gebieten wisnklik. Ta befoardering dêrfan is as proef yn 1943 in ferfeantingsplan ynfierd, earst foar 10 jierren, letter ferlinge. Bûten in bepaalde sirkel is ferfeanting yn de polder no ferbean. Mei in nije ferfeantingsmetoade wurdt besocht de ferfeanting te fersnellen. Oars as yn de measte feanpolders mar yn oerienstimming mei de regel bûten de feanpolders wurdt hjir (en yn de feanpolder fan Dolsterhuzen) it slykjild foar de ferfeante persielen yn in register ynskreaun en jildt as waarboarch foar de lettere droechlizzing en kultivearring fan de útgeande persielen en foar de betelling fan de polderlêsten.
* ''De Plasse'' - Sydwei fan de Bantsterskâns. Om te foarkommen dat dizze sydwei ek "Bantsterskâns" hjitten gie en de safolste fernûmering fan de persielen needsaaklik wurde soe. Omdat dit gebiet al as De Plasse bekend stie krige it dizze namme.
* ''H B Jonkerwei'' - Henricus Jonker ([[Drachten]], [[5 septimber]] [[1904]] - [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] [[28 july]] [[1959]]) opsichter oer de polder fan it 4e en 5e feandistrikt yn de gemeenten Haskerlân, It Hearrenfean, en opsterl6an en nei [[1949]] ek fan feanpolder'De Deelen'.
* ''Heafeartswei'' - rint oan beide kanten fan de [[Heafeart]]
* ''Merkurius'' - op yndustryterrein, neamd nei de planeet Merkurius
* ''P G Otterwei'' -
* ''Pastorieleane'' -
* ''Skarwei'' -
* ''Zwartswei'' (ferfallen) - Neamd nei [[Servaas Zwarts]], polderopsjenner mei in grut oandiel yn it mienskipslibben fan It Hearrenfean.
 
== Sjoch ek ==