Ferskil tusken ferzjes fan "Stifting It Fryske Boek"

ôfbyld der by
(ôfbyld der by)
[[Ofbyld:RymposterLogo 2007 mei gedichtIFB.jpg|thumb550px|Rymposter 2007.]]
 
De '''Stichting It Fryske Boek''' is in stichting dy 't de befoardering fan [[Fryske literatuer]] en lektuer as doel hat. De organisaasje waard yn [[1934]] troch in oantal Fryske ferieningen en útjouwers oprjochte. Se is fêstige yn [[Ljouwert]]. De stichting wurd ûnder oare subsidiearre troch de provinsje [[Fryslân]]. Ek hellet It Fryske Boek jild binnen troch stipers.
It Fryske Boek stimulearret de produksje en de fersprieding fan Fryske boeken en besiket [[Friezen]] yn harren memmetaal oan it lêzen te krijen. Se docht dit troch it skeppen fan en partisipearjen yn oerlisstruktueren tusken útjouwers, skriuwers, boekferkeapers en bibleteken. It Fryske Boek hat in tal meiwurkers yn tsjinst, dy't har dwaande hâlde mei allerhanne besteande en nije projekten. De organisaasje jout dêrnjonken ek in grut ferskaat oan promoasjemateriaal út.
 
== Projekten ==
Om ta it doel fan de Stichting It Fryske boek te kommen binne der inkelde projekten útein set.
 
=== De Fryske Boekewiken ===
Yn de perioade ein [[febrewaris]], begjin [[maart]] wurdt elts jier de [[Fryske Boekewiken]] organisearre.
 
Ta beslút hâldt It Fryske Boek yn gearwurking mei ferskate ferfierders de Reis-aksje. By dizze aksje kinne minsken dy’t it Frysk Boekewikegeskink mei ha fergees reizgje mei trein en bus yn Fryslân en Grinslân. Fierders is der mei it boek koarting te krijen by ferskate museums, restaurants en oare publyksattraksjes.
 
=== Boeke-aksje ===
Yn de perioade begjin [[septimber]], heal [[oktober]] hâldt It Fryske Boek seis wike lang de boeke-aksje. Benammen de [[sutelaksje]] foarmet in wichtich ûnderdiel fan it barren. Hûnderten frijwilligers geane dan mei de kroade by de doarren del om Fryske boeken te ferkeapje. De sutelaksje eindiget elts jier yn Drachten mei de Boekemerk.
 
Dêrneist wurde Fryske boekejûnen organisearre, wurdt de Fryske skriuwerskalinder útjûn en rydt de Fryske boekebus om utens nei ferskate plakken bûten Fryslân, op útnoeging fan Fryske kriten dy’t dêr dwaande binne.
 
=== Sprutsen Fryske Boek ===
Ek jout It Fryske Boek it ''Sprutsen Fryske Boek'' út. Dizze boeken wurde makke foar fisueel beheinden en minsken dy’t op de ien of oare wize net lêze kinne. Der binne al mear as 1.400 boeken ynsprutsen. De boeken binne fergees te krijen.
 
=== De Oanharker ===
De ''Oanharker'' is in Frysk sprutsen moanneblêd. Hjiryn stelt in redaksje eltse moanne artikelen gear út de Fryske dei- en streekblêden en tiidskriften.
 
=== Foar bern en de jongerein ===
[[Ofbyld:Rymposter 2007 mei gedicht.jpg|thumb|''Rymposter 2007.'']]
Ek wurde der projekten spesjaal foar bern en jongerein organisearre. Sa is der in berneboekesjuery dy’t berneboeken beoardield en de Sulveren Spjelde útrikt foar it moaste berneboek. By de sutelaksje wurdt der omtinken jûn oan de bern troch it útbringen fan it Aksjeboek foar Bern en in rymposter.
 
=== Rink van der Veldepriis ===
Elts even jier wurdt de [[Rink van der Veldepriis]] útrikt. In priis foar it bêste oarspronklik en nij proaza, ferskynt as in selsstannige boekútjefte en skreaun yn it Frysk of yn ien fan de streektalen fan Fryslân.
 
== Stichting It Fryske Berneboek ==
By It Fryske Boek is it sekretariaat fan de [[Stichting It Fryske Berneboek]] ûnderbrocht. Dizze stichting hâldt harren dwaande mei de stúdzje en promoasje fan Fryske berneboeken.
 
== Fryske Boekewikegeskinken ==
*1948: [[Nyckle Haisma]] - ''Simmer''
*1949: [[Abe Brouwer]] - ''Trou''
56.977

bewurkings