Gustavus Carlson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfollinkje
No edit summary
Rigel 1:
'''Gustavus Carlson''', ( [[Stokholm]], [[1647]]? - [[Bitgum]], [[1 jannewaris]] [[1708]] ) wie in [[Sweden|Sweedsk]] militêr en sûnt 1674 hie er de titel fan greve fan Börringe en Lindholmen. Gustav wie in ûnecht bern fan [[Karel X Gustav]] en Brita Allerts, dochter fan in riedsman Claes Allerts.
 
Riedsman oan it hof fan kening [[Karel XI]], Erik Lindschöld, wie syn learaar en reizge mei him nei it bûtenlân, it gie nei [[Nederlân]], [[Ingelân]], [[Frankryk]] en [[Itaalje]]. Yn 1673 giet er by it Upplansk regimint en mei it Sweedske leger bedarret er yn [[1675]] yn it Dútske Pommeren en rekket yn Brandenburchske kriichsfinzenskip. Yn [[1680]] wie er yn [[Stockholm]], letter is er ''riksrådsämbete'' en ferfolgens gie er yn Hollânske kriichstsjinst. Dêr waard er generaal-luitenant. Carlson folge steedhâlder Willem fan Oranje nei [[Ingelân]] yn [[1688]] en fjochte oan syn side yn Ierlân by de fjidtocht fan [[1690]].
Rigel 6:
 
Hy wy in tige geleard man en hie in grutte boekesamling (12.000 dielen) dy't in soad besikers luts. De ferkeapkatalogus út [[1711]] telt 738 bledsiden.
<gallery>
[Ofbyld:Sébastien Bourdons-Karl X Gustav.jpg|Kung Karl X Gustav av Sverige (portret troch [[Sébastien Bourdon]] [[1652]]-[[1653]])]
</gallery>
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=