Ferskil tusken ferzjes fan "Pikmar"

17 bytes grutter ,  16 jier lyn
L
Ljouwert (stêd)|
(Eat oer de Pikmar)
 
L (Ljouwert (stêd)|)
De '''Pikmar''' is in mar oan de eastkant fan [[Grou (doarp)|Grou]], yn de gemeente [[Boarnsterhim]].
 
Troch de mar rint it [[Prinsesse Margrietkanaal]] dat ferbining jout mei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Snits]]. Fia de [[Tynje]] is de Pikmar ferbûn mei de [[Peanster Ie]] en fierder nei de [[Sitebuorster Ie]]. Fia de [[Neare Burd]] stie de mar yn ferbiing mei de [[Wiide Burd]] en ek wer fierder nei de Sitebuorster Ie, mar yn de Neare Burd lizze no dûkers. Oan de noardkant fan Grou komme de [[Grou (wetter)|Grou]], de [[Bosksleat]], de [[Wide Galle]], de [[Geau]] en de Pikmar byelkoar. Yn de mar lizze it Grutte Eilân en it Lytse Eilân.
 
De Pikmar is ûntstien as in ferbreding fan in feart fan Grou nei it easten. Tegearre mei de [[Wide Ie]] foarmet de mar no it drokste wettersportgebiet fan Fryslân. Under oaren wurde hjir de iepeningswedstriden fan it [[Sintrale Kommisje Skûtsjesilen|SKS Skûtsjesilen]] hâlden.
6.807

bewurkings