Herman Bavinck: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfollinkje
ferw.
Rigel 3:
 
==Libben==
Fan 1870 oant 1873 gie Bavinck nei it [[Stedelik Gymnasium]] te [[Swol]]. Dêrnei studearre er oan de [[Teologyske Universiteit Kampen (Oudestraat)|Teologyske Skoalle]] te [[Kampen (Oerissel)|Kampen]], mar bedarre al 1874 yn [[Leien]] foar de stúdzje [[teology]] en [[Semityske talen]]. Hy promovearre dêre op 10 juny 1880 mei in dissertaasje oer [[Huldrych Zwingli|Ulrich Zwingli]], ta doktor yn de godgeleardens. Fan 1881 oant 1883 wie er Kristlik Grifformeard predikant te Frjentsjer.
 
De Kristlik Grifformearde synoade fan Swol yn 1882 beneamde him ta dosint oan de Teologyske Skoalle te Kampen foar de dogmatologyske fakken. Op 2 july 1891 boaske er Johanna Adriana Schippers (1868-1942).
 
Yn 1902 gie Bavinck (mei syn kollega Petrus Biesterveld en in grut oantal studinten) oer nei de [[Frije Universiteit Amsterdam|Frije Universiteit]]. Dêr ûntjoech er him ta in figuer fan maatskiplike betsjuttin. Hy krwearre foar kristlike polityk en kristlik ûnderwiis. Yn 1911 kaam er foar de [[Anti- Revolúsjonêre Partij]] yn de [[Earste Keamer fan de Steaten-Generaal|Earste Keamer]].
 
Herman Bavinck stoar mei 66 jier. Hy leit te hôf yn [[Flaardingen]] yn it famyljegrêf Schippers.
Rigel 13:
==Ynfloed==
Bavinck hie in ynfloedrike posysje yn de [[Kristlik Grifformearde Tsjerke]]. Hy spile in wichtige rol by ienwurding fan "dolearende" [[Nederdútsk Grifformearde Tsjerke]]n. Dy hiene harren ûnder lieding fan [[Abraham Kuyper]] losmakke
fan de [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke]], dat wie yn [[1886]]. De Kristlik Grifformearde Tsjerke dêr't Bavinck by wie, hie him al om 1834 hinne fan de Herfoarme Tsjerke [[Ofskieding|ôfskieden]]. Yn 1892 wie de Feriening tusken Kristlik Grifformearde Tsjerke en de Nederdútsk Griff. Tsjerken. Yn de ferienige [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân]] hat er hieltyd in fredestiftsjende rol besocht te spyljen. Oan it ein fan syn libben rekke er wat yn in isolemint. Guon ûntjouwingen rûn it gesach fan de [[bibel]] yn de nije tsjerke siet er oer yn noed.
 
== Famylje ==