Deastraf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: De '''deastraf''' kaam yn de Midsieuwen yn Fryslân net foar. By misdriuwen tsjin it folk (lânferrie, munteferfalsking) waard de dieder "fredeleas" makke: elk mocht him deameitsj...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 3 nov 2009 om 20.48

De deastraf kaam yn de Midsieuwen yn Fryslân net foar. By misdriuwen tsjin it folk (lânferrie, munteferfalsking) waard de dieder "fredeleas" makke: elk mocht him deameitsje.

De eigentlike deastraf komt pas ûnder it Saksyske bewâld (yn guon stêden justjes earder) en is sûnttiids yn Fryslân geregeld útfierd, meastentiids yn Ljouwert. Soms ek wol om de befolking ôf te skrikken, op it plak fan de misdie; mar wol altyd yn it iepenbier. Freed, 23 maart 1860 is op it tsjintwurdige Wilhelminaplein yn Ljouwert it lêste deafûnis middels ophinging útfierd en wol oan Ype Baukes de Graaf.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: