Dyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: nn:Dike
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 6:
De primêre wetterkerings beskermje ús tsjin it [[bûtenwetter]], it wetter dat ûnkontrolearber stige kin lykas op [[see]], de grutte [[rivier]]en, de [[Markermar]] en de [[Iselmar]].
 
De regionale wetterkearings beskermje ús tsjin it [[binnenwetter]] yn marren, [[boezem (wetter)|boezems]] en [[kanaal (wetterwei)|kanalen]]. Yn it westen fan Nederlân binne dit faaks boezemkaaien. Under de regionale kearingen falle ek [[slieperdyk|sliperdikenslieperdiken]].
 
De [[feankaai]] fan [[Wilnis]] is in foarbyld fan in regionale wetterkearing.
 
== wierdyk ==
Oan de súdlike ouwer fan it eartiidske eilân [[Wieringen]], dat skol ôfrint, waard yn de Midsieuwen in seewarring oanlein besteande út in dûbele rige peallen, dy't oanienslutend fertikaal yn de grûn setten waarden. Yn de tuskenromte fan likernôch 2 meter waard [[seegers]] propke en ôfdekt mei sân. Dat seegers waard, ticht yn'e buert, yn de [[Waadsee]] ôfmeand. It bliek de wûndelike eigenskip te hawwen dat it net fergiet of ferrottet. Sa'n dyk bliek bûtengewoan stoarmfêst omdat it seegers ek in fearjende eigenskip hat. Dêrom waard it seegers oant yn it begjin fan de 20e ieu, in soad brûkt as bêde- en kessenfolling. Soksoarte dyk wurdt in wierdyk neamd,der -by fersin- fan útgeande dat it seegers ta de seewieren hearde.