Trajanus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: id:Trajan
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: hu:Marcus Ulpius Traianus római császár; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Trajan-Xanten.JPG|thumb|200px|right|Trajanus]]
'''Markus Ulpius Trajanus''' (Latynsk: ''Marcus Ulpius Traianus''), [[18 septimber]] [[53]] - [[8 augustus]] [[117]], wie keizer fan it [[Romeinske Ryk]] ([[98]] - [[117]]). Under syn bewâld krige it ryk har grutste útwreiding. Hy wie de saneamde twadde fan de [[adoptyfkeizers]] en mooglik de bêste keizer dy't Rome oait hân hat.
 
== Biografy ==
=== Jeugd en opgong ===
Trajanus wie de natuerlike soan fan in senator en generaal út in ferneamde [[Etrusken|Etruskysk]] famylje, de ''Ulpii''. Dizze famylje hie har koart nei de [[Twadde Punyske oarloch]] fêstige yn de provinsje [[Hispanje Baetika|Baetika]] yn [[Spanje]].
 
Trajanus waard berne yn de stêd [[Itálica]] yn Baetica en makke opgong yn it Romeinske leger as militêr. Hy die mei oan de fjildtochten fan keizer [[Domitianus]] tsjin de Germanen. Doe't dizze keizer yn [[96]] fermoarde waard, wie Trajanus ien fan syn wichtigste legeroanfierders en tige populêr by it leger. [[Nerva]], de opfolger fan Domitianus hie sels gjin goeie relaasje mei it leger, dêrom adoptearde hy Trajanus en makke him ta syn kroanprins. Doe't Nerva op [[25 jannewaris]] [[98]] ferstoar koe Trajanus him yn alle rêst opfolgje.
 
=== De Dasyske oarloggen ===
Trajanus is foaral bekend wurden as fjildhear. Yn [[101]] hâlde hy in strafekspedysje tsjin it keninkryk [[Daasje]], omdat de Romeinen ûnder keizer Domitianus in oantal kearen fernederjende ferlern hienen. Trajanus late syn troepen de Donau oer en twong kening [[Desebalus]] nei in jier kriich him te ûnderwerpen oan de Romeinske macht. Trajanus hâlde in segetocht troch Rome en krige fan it folk de earetitel ''Dacicus Maximus''.
 
Mar de fersleine Desebalus krige stipe fan oare naasjes benoarden de Donau en kaam tsjin de Romeinen yn opstân. Opnij kaam Trajanus mei it leger yn aksje. Diskear boude hy in brêge oer de Donau en foel Daasje binnen. De opstân fan Desebalus waard troch de Romeinen op geweldiedige wize ûnderdrukt wêrby in grut part fan de Dasyske befolking útmoarde waard. Yn [[106]] hie Trajanus de [[Daasjers]] ferslein en hiel harren gebiet oermastere. De haadstêd [[Sarmizegetusa]] wie ferwoaste en Desebalus sels himsels tekoart dien. It oermastere Daasje waard as provinsje kompleet ynlive by it Romeinske ryk. Op de púnfallen fan de âlde haadstêd waard in nije stêd boud: ''Colonia Ulpia Traiana''. Omdat de oarspronklike befolking sawat útroege wie waard it gebiet opnij befolke mei Romeinske kolonisten.
 
=== Utwreiding nei it easten ===
Om deselde tiid hinne kaam der ek in ein oan it selstannich keninkryk fan [[Nabateeërs|Nabatea]]. By de dea fan de lêste kening wie by testamint bepaald, dat it gebiet by it Romeinske Ryk komme soe. Sa ûntstie de provinsje [[Arabia Petrea]], dy't it hjoeddeiske [[Jordaanje]] en in stikje [[Saoedi-Araabje]] omfette.
 
=== It tiidrek fan frede ===
De neikommende sân jierren hearske Trajanus as boarger-keizer en waard troch it folk tige wurdearre. Ek kaam der in ein oan de ferfolgings fan [[Kristenen]]. Trajanus fûn dat hja mei rêst litten wurden moasten salang at sy mar net al te opsichtich harren leauwen blike lieten. Yn hiel it ryk waard in dizze tiid in protte nije gebouwen set, û.o. it foarum dat noch hieltyd bestiet yn Rome.
 
=== Grutste omfang fan it ryk ===
[[Ofbyld:Roemischeprovinzentrajan.png|left|thub|400px|It Romeinske ryk op har grutst]]
Yn [[113]] gie Trajanus der noch in lêste kear op út om te striden, diskear tsjin de [[Parthen]]. Oanlieding foar de kriich wie de ieuwige twistappel [[Armeenje]]. Al sûnt de tiid fan keizer [[Nero]] hienen de Romeinen en de Parthen om bar de ynfloed oer Armeenje dield. Diskear kaam der in foarst op'e troan dy't Trajanus net nei it sin wie. Hy luts it lân yn, sette de kening ôf en live it gebiet by it Romeinske ryk yn. Dêrnei kearde hy him tsjin it [[Parthyske Ryk]] sels en oermastere [[Mesopotaamje]], earst [[Babylon]], dan [[Seleucia]] en úteinlik [[Ctesiphon]] yn [[116]]. Hy luts fierder oant'e mei de Golfkust en ferklearre Mesopotaamje ta nije provinsje. Hy wie te âld om yn de fuotspoaren fan [[Aleksander de Grutte]] te kommen, mar luts wol Khuzestan yn der't er [[Susa (Iran)|Susa]] oermastere en kening [[Osroes]] ôfsette en him ferfong troch in strieman: ([[Parthamaspates]]). Under it bewâld fan Trajanus hie it Romeinske Ryk har grutste útwreiding behelle en soe nea mear sa fier eastlik har macht jilde litte.
 
Nei dat momint gong it lykwols mei Trajanus yn de bedelte. Der wienen tsjinfallers. Oan de [[Tigris]], êfter syn rech om, wegere it fort fan [[Hatra]] har oer te jaan en kaam it [[Joden|Joadske folk]] yn opstân. Koart dêrnei kaam ek it folk yn Mesopotaamje yn opstân en rûn syn sûnens tebek. Op it lêst fan [[116]] wie hy yn [[Silysje]] en waard slim siik. Hy soe oant [[8 augustus]] [[117]] libje. Op syn stjerbêd joech hy it keizerskip oer oan [[Hadrianus]], syn adoptearre soan.
 
== Neilittenskip ==
Trajanus waard nei syn tiid sjoen as in soarte model-keizer. Eltse nije keizer waard oant yn de [[Byzantijnske Ryk|Byzantynske]] tiid ynhuldige mei de bea ''felicitor Augusto, melior Traiano'' (mei hy lokkiger as [[Augustus Oktavianus|Gaius Julius Caesar Octavianus]] en better as Trajanus wêze).
 
== Sjoch ek ==
* [[List fan antike bouwurken fan Trajanus]]
* [[Dasyske Oarloggen]]
* [[Pylder fan Trajanus]]
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.roman-emperors.org/trajan.htm {{aut|H.W. Benario}}, artikel oer Trajanus (98-117), yn ''DIR'' (2003), (Ingelsk).]
* [http://www.ethesis.net/rom_keizers/rom_keizers_inhoud.htm {{aut|G. Meire}}, ''De relaasje fan de keizers Klaudius, Nero en Trajanus mei de Italyske stêden. In ûndersyk fan epigrafyske en historiografysk materiaal'', diss. Universiteit Gint, 1998, (Nederlânsk).]
 
Rigel 66:
[[he:טריאנוס]]
[[hr:Trajan]]
[[hu:Marcus Ulpius Traianus római császár]]
[[id:Trajan]]
[[is:Trajanus]]
Rigel 80:
[[ml:ട്രേജന്‍]]
[[mr:ट्राजान]]
[[no:Trajan]]
[[nl:Trajanus]]
[[nn:Trajan av Romarriket]]
[[no:Trajan]]
[[pl:Trajan]]
[[pt:Trajano]]