Finzenis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
tikflaterkes
Rigel 18:
 
== Fryslân ==
Fryslân hat trije finzenissen hân, yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] en [[Snits (stêd)|Snits]]. Dy fan Ljouwert, it tuchthûs (1755-1756) stie doe oant bûten de lânsgrinzen as tige modern bekend, wie yn de [[Frânske tiid]] ien fan de grutste sintrale finzenissen yn Nederlân. Nei de earste nasjonale organisaasje fan it finzeniswêzen yn [[1821]] waarden Ljouwert en [[Den Bosch]] sintrale finzenissen foar feroardiele detinearden yn Noard-Nederlân. Dizze finzenis is meardere kearen útwreide en ferbettere en waard yn de fyftiger jierren Bysûndere Straf-Finzenis neamd. It Hûs fan Bewar, fan 1823-1889 yn de [[Kânselarij]] kaam dêrnei op it terrein fan Finzenis. (Mei in brêge oer de Keizersgrêft) bijby de Easterkaai). De Finzenis (Hûs fan Arrest) yn Snits hat fan [[1842]] - [[1922]] bestien, dy yn [[Crackstate]] fan It Hearrenfean tusken [[1833]] - [[1923]].
 
== Finzenisstraf ==
Finzenisstraf waard yn Fryslân foar it earst oplein yn de [[17e ieu]] en dan noch sporadysk. It steedlike [[wurkhûs]] yn Ljouwert (1598) wie wie dan ek mear ûnderkommen foar bidlers en omrinners as straffinzenis. Ek neidat de provinsje yn [[1608]] dizze finzenis oernomd hie bleau it oplizzen fan finzenisstraf oant nei 1700 útsûndering. Finzenisstraf is no nei boete de meast opleine straf. Sjoch ek: [[tichthûs]].
 
== Sjoch ek ==
* [[Hûs fan Bewarring]]
* [[tichthûs]]
 
[[Kategory:Finzenis]]