Abraham van Riebeeck: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
boarnefernijing
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Abraham van Riebeeck''' ([[18 oktober]] [[1653]] – [[17 novimber]] [[1713]]) wie in gûverneur-generaal fan [[Nederlânsk-Ynje]]. Hy is berne yn de [[Kaap Koloanje]] yn it hjoeddeiske [[Súd-Afrika]], hy wie de soan fan [[Maria de la Quellerie]] en de ferneamde [[Jan van Riebeeck]], de stifter fan de koloanje by [[Kaap de Goeie Hope]]. Doe't syn âlderen yn [[1662]] nei Ynje lutsen, gie Abraham nei [[Hollân]], wêr't hy [[rjocht]] studearjen gong yn Leien. Doe’t er klear wie mei syn stúdzje yn [[1676]] gie hy oan it wurk foar de [[Feriene Eastynjeske Kompanjy]] as hanneler. Earst kaam hy oan de slach yn [[Palembang]] op [[Sûmatra]]. Yn [[1684]] waard hy beneamd as sekretaris fan it [[Hege Regear]], yn [[1690]] waard hy sels lid fan de [[Rie fan Ynje]]. Yn [[1709]] waard hy beneamd ta gûverneur generaal. Dat wurk soe hy dwaan oant syn dea yn [[1713]].
 
Van Riebeeck wie, lykas as syn heit Jan, in ûntdekkingsreizger. Hy hat inkele grutte en lytse ekspedysjes dien yn Nederlâns Ynje, ûnder oare nei [[Preanger]], hieltyd yn selskip mei lânmjitters en kaartemakkers. Hy beklom de [[Salak]] en in fulkaan by [[Bandûng]]. Yn [[1712]] waard de earste kofje nei it heitelân stjoert. Yn [[1713]] krige hy lest fan dysentry, in sykte dy't hy oprûn hie op syn tocht nei Bandûng, dat is ek wêr’t hy úteinlik oan stoar.