Seleusidyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Image:Seleucid persia map.PNG|thumb|It Seleusiden Ryk, om-ende-by 300 f. Kr.]]
De '''Seleusiden''' wie de namme fan in [[Masedoanje|Masedonysk]] Keningshûs dat fan [[312 f. Kr.]] oant [[64 f. Kr.]] hearske oer [[Syrje]]. De stifter fan it keninkryk wie ''[[Seleukus I Nikator]]''. Hy wie ien fan de [[diadochen|generaals]] fan [[Aleksander de Grutte]], dy't him nei de dea fan Aleksander yn [[Mesopotaamje]] en de heechflakte fan [[Iran]] fêstige. De haadstêd fan dit keninkryk wie ynearsten [[Seleusia]], letter waard de haadstêd ferset nei [[Antiochje]], wêrtroch it machtssintrum oergong fan Mesopotaamje nei Syrje.
 
Nei in koarte útwreiding ûnder [[Antiochus III de Grutte|Antiochus de Grutte]] rekke it ryk fan de Seleusiden yn ferfal. Earst ferlernen sy de striid tsjin it [[Romeinske Republyk|Romeinske Ryk]] (Syryske Oarloch) en moasten yn 188 by de Frede fan [[Apamea]] rûchwei it tsjintwurdige [[Turkije]] ôfstean. En nei de dea fan [[Antiochus IV Epifanes]] yn [[141 f. Kr.]] wie it net dúdlik wa't him opfolgje woe, sadat de [[Parten]] de eastlike gebieten oermasterje koenen.