Hagedoarnen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Alle ynhâld fan de side weismiten
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl: myshafisearre
Rigel 1:
[[Ofbyld:Meidoornstruik.jpg|thumb|right|300px|''ienstilige hagedoarn'']]
'''Hagedoarn''' (''Crataegus'') is in [[geslacht (biology)|geslacht]] fan strûken dy't fan natuere yn Europa, Noard-Amearika, Aazje en Noard-Afrika foarkomme. Guon soarten komme ek as beam foar. De hagedoarn waard troch de toarnen op de tûken in soad brûkt yn [[hage]]n. It hout is hurd en fyn fan struktuer.
 
Fan it geslacht '''hagedoarn''' (''Crataegus''), ek hagebeam, hagebeibeam, hagedoarnen beamke, hagetoarn of smoarbeibeam neamd, komme yn de Benelúks twa soarten ynhiemsk foar. Dit binne de [[Ienstilige hagedoarn]] (''Crataegus monogyna'' syn. ''C. oxycantha'') en de [[Twastilige hagedoarn]] (''Crataegus laevigata''). Der komt lykwols ek in soartshybride fan de Ienstilige en Twastilige hagedoarn, ''Crataegus'' ×''macrocarpa'', yn it wyld foar.
 
It geslacht omfet hûnderten soarten, wêrfan trije yn Nederlân foarkomme, sawol yn it wyld as oanplante as sierbeam. Dêrneist wurdt de hybride ''Crataegus'' ×''lavallei'' / ''C. lavallei'' as sierbeam oanplante. Dêrneist wurdt de út Sina kommende ''Crataegus persimilis'' as sierbeam yn Nederlân oanplante.
 
== Eigenskippen ==
De ienstilige hagedoarn kin in beam fan wol 10 meter heech wurde, wylst de twastilige hagedoarn in strûk is dy't oant 4,5 meter heech wurdt. Se bloeie yn maaie/juny mei sterk rûkende blommen. Op de tûken sitte toarnen. ''Hagedoarnwinter'' of ''swarte hagekjeld'' is in oare namme foar iishilligen: 11-14 maaie.
 
As sierbeam wurdt fan de twastilige hagedoarn it ras 'Paul's Scarlet' oanplante. Dizze hat folde, rôzereade blommen en foarmet gjin fruchten. Troch de folde blommen is dizze hagedoarn minder gefoelich foar baktearjefjoer (''Erwinia amylovora''). De beam wurdt oant 6 meter heech. De beam wurdt troch okulearjen [[intsje|fermeardere]] op de ûnderstamme fan de oare soarten.
 
== Medisinaal ==
Hagedoarn wurdt al sûnt de 16e ieu brûkt om de bloedsomrin te stimulearjen. Dizze wurking komt û.m. troch de ynhâldsstof rutine: dizze stof is wittenskiplik bekend om syn fermogen om blauwe plakken te foarkommen.
Boppedat helpt hagedoarntee om de golesterol te ferleegjen.
 
== Ekologyske wearde ==
De hagedoarn is troch syn toarnen aardich goed beskerme tsjin de fraat fan [[grutte weiders]]. It is in plant dy't benammen foarkomt oan boskrânen en yn [[klaai]]bermen.
 
== Fermeerdering ==
De plant fermeardert him troch [[sied (planten)|sied]] en troch [[stek]]ken.
 
== Galerij ==
<gallery>
Ofbyld:Meidoornbloesem.jpg|''Blossem fan ienstilige hagedoarn''
Ofbyld:Meidoorn.jpg|''Blossem fan ienstilige hagedoarn''
Ofbyld:Meidoorn_vruchten.jpg|''Fruchten fan ienstilige hagedoarn''
Ofbyld:Eenstijlige meidoorn (Crataegus monogyna branch).jpg|''Tûketoarnen by ienstilige hagedoarn''
</gallery>
 
== Referinsjes ==
<references/>
{{Commonscat|Crataegus}}
 
[[Kategory:Plant]]
 
[[ar:زعرور]]
[[bat-smg:Graužoks]]
[[be:Глог]]
[[be-x-old:Глог]]
[[bg:Глог]]
[[bo:སྐྱུ་རུ་དམན་པ།]]
[[cs:Hloh]]
[[da:Hvidtjørn]]
[[de:Weißdorne]]
[[en:Crataegus]]
[[eo:Kratago]]
[[es:Crataegus]]
[[et:Viirpuu]]
[[fi:Orapihlajat]]
[[fr:Aubépine]]
[[gd:Sgitheach]]
[[hsb:Hłohonc]]
[[hu:Galagonya]]
[[io:Kratego]]
[[ja:サンザシ]]
[[ka:კუნელი]]
[[ko:산사나무속]]
[[lb:Hodar]]
[[lt:Gudobelė]]
[[nds-nl:Smoapoeper]]
[[nl:meidoorn]]
[[no:Hagtorner]]
[[pl:Głóg]]
[[pt:Crataegus]]
[[ru:Боярышник]]
[[simple:Hawthorn]]
[[sl:Glog]]
[[sq:Bima e murrizit]]
[[sr:Глог]]
[[stq:Hoageltouden (Crataegus)]]
[[sv:Hagtornssläktet]]
[[uk:Глід]]
[[vi:Chi Sơn tra]]
[[wa:Årdispene]]
[[zh:山楂]]