Gurbe Douwstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
keppeling om utens
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling
Rigel 1:
'''Gurbe Douwstra''' ( [[Drachten]], [[17 febrewaris]] [[1954]]) is in Fryske sjonger. Op it Ychtus Kolleezje fan Drachten spile Gurbe yn de skoalband 'Ltd'. Nei syn tsjinsttiid waard hy sjoernalist foar de ''Ommelander Courant'' en wenne yn [[Uthuzen]]. Dernei gong Gurbe oer nij de [[Ljouwerter Krante]]. Begjin tachtiger jierren gong er oan de slach by de [[Omrop Fryslân]] dêr't hie wurk makke fan syn leafdepassy foar de musyk.
 
Hy begûn yn de folkgroep Bêdbuks en sûnt [[1998]] benammen solo. Hy is in singer/songwriter, dy't syn ferskes bringt yn de styl fan de Fryske trûbadoers. Dat docht er dan ek meast yn it Frysk. Syn lietsjes fariearje fan mankelke harklietsjes oant fleurige ferskes oer de (eigen)aardige saken fan it libben. De fariaasje yn teksten is dêrby al like grut as yn de muzyk, fan bytiden hast sintimenteel oant gekjeiende koartswyl, mei in best stik selsspot, mar wol allegear rjocht út it hert.
 
In soad fan syn lietsjes steane op ‘Dizze Stoarm’ yn [[2001]] en ‘Myn eigen paad’ yn 2005. De lêste jierren treedt er ek geregeld op mei syn kollega-trûbadoers [[Doede Veeman]], [[Jaap Louwes]] en [[Piter Wilkens]] as ‘de fjouwer trûbadoers’. Sa wienen se ek te sjen op de Fryske Music Night.
 
Mei-inoar ha se yn [[2004]] de cd ‘Der Tuskenút’ útbrocht en koartlyn ferskynde fan dit kwartet de twadde cd ‘De âlde púndyk by del’. Dit as opmaat fan in ‘ôfskiedstoernee’ yn de hjerst fan [[2007]].
== Diskografy ==
* ''Dizze Stoarm''
Line 8 ⟶ 13:
*[http://www.gurbedouwstra.nl/site2007/flash/basis.html Webstee Gurbe Douwstra]
*[http://songteksten.net/artist/lyrics/5560/gurbe-douwstra.html Songteksten Gurbe Douwstra]
{{stobbe-kultuer}}
 
[[Kategory:Fryske sjonger]]