Jazz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: zh-yue:爵士樂
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: mk:Џез; tekstwiziging
Rigel 2:
Mei de term '''jazz''' wurdt in op ymprovisaasje basearre [[muzykstyl]] bedoeld dy't ûntstien is yn [[New Orleans]] út in krúsbestowing fan [[folk]], [[blues]], [[negro spirituals]], [[ragtime]], en [[klassike muzyk]]. (It wurd jazz hat dêrby ek noch de bybetsjutting: ''hiel enerzjike dûns''.)
 
== Skiednis ==
De skiednis fan wat wy no (2007) ''jazz'' neame giet lykwols fierder tebek as de krekt neamde muzykstilen. De wichtichste boarne foar de jazz leit nei alle gedachten yn [[Afrika]]. De Afrikanen dy't as [[slaven]] nei [[Amearika]] brocht waarden, namen ha tradisjonele, sterk ritmyske muzyk mei.
 
=== It begjin ===
Op har rûte nei de [[Feriene Steaten]] waarden in soad slaven allerearst nei de [[West-Yndysk]]e eilannen brocht, benammen nei [[Hispaniola]] ([[Haïty]] en de [[Dominikaanske Republyk]]); nei in hoartsje waarden in soad ferkocht yn New Orleans. Se namen har [[religy|religieusk]] en muzikaal [[erfskip]] mei. De slaven út [[Santo Domingo]] (de haadstêd fan de Dominikaanske Republyk, stifte troch de broer fan Christopher Colombus) setten har âlde [[voodoo]]-praktiken sûnder feroaring troch yn New Orleans.
 
Rigel 12:
Jazz, de foarrinner fan de moderne [[rock and roll]] hat in hiel ynteressante rol yn de skiednis. De namme ''jazz'' komt fan it net mear besteande wurd ''jass'' dêr't de seksuele died leech by de grûn mei oantsjut waard. Foar de [[heiden]] wie jazz in symptoam fan de glorieuze befrijing fan de knipende bannen fan de moraal. It ûntstie yn de gloppewiken en waard benammen makke foar gebrûk yn sekshuzen: it iene sekshûs besocht it oare in slach foar te wêzen mei de bêste jazz-band. Uteinlik ûntjoech de jazz har ta wat wy hjoed de dei kenne as rock and roll. Al mei al hat de rockmuzyk neat fan har erfskip ferlern op it lange paad fan [[Babylon]], troch [[Egypte]] en Afrika, nei Amearika en de rest fan de wrâld; it is allinnich mar yn ferskate jaskes stutsen.
 
=== Blues & Ragtime ===
Dy muzyk wie basearre op in fiiftoanige toanljedder. In fiiftoanige (pentatoanyske) toanljedder yn de toansoart C-mineur bestiet út de noaten c-es-f-g-bes. De Afrikaanske muzyk hat in slim pentatoanyske tradysje. Dat wol oars net sizze dat pentatoanyske muzyk earne oars (yn Jeropa, Amearika) net bekend wie.
 
Rigel 21:
Yn dy begjintiid bestie in jazz band út de folgjende ynstruminten: [[trompet]], [[tromboane]], [[klarinet]], [[Piano]], [[banjo]], [[kontrabas]] en [[slachwurk]]. Dat is yn rûge halen de standertbesetting bleaun fan de âlde styl jazz band. De banjo waard lette ek wol troch de (elektryske) [[gitaar]] ferfongen en benammen yn de begjinperioade wiene faker in [[tuba]] of [[sûsafoan]] by as in kontrabas.
 
=== New Orleans en Dixieland ===
Gauris wurdt [[1917]] neamd as it stuit dat wat wy no jazz neame begûn: de oprjochting fan it earste blanke jazzorkest, de [[Original Dixieland Jass Band]] (tink om de stavering "ss" yn stee fan "zz").
Dat is sûnder mis net wier, want earder as dat blanke orkest wiene der al út Afro-Amerikaanske besteande orkesten aktyf yn New Orleans. Neamd wurde kinne de orkesten fan Joe ''King'' Oliver, mei dêryn [[Louis Armstrong]], dy;t sels ek ferskate orkesten oprjochte en late, en Bunk Johnson.
Rigel 27:
Men soe sizze kinne dat de jazz him by twa paden del lykop ûntjoech: in 'blank' paad en in 'swart' paad. De betide jazz stilen wurde [[New Orleans]] (de 'swarte' takke) en [[Dixieland]] (de 'blanke' takke) neamd. We ha it hjir oer de tweintiger jierren fan de [[20ste ieu]].
 
=== Jeropeeske jazz ===
De oarspronklike muzikanten yn dy kategory binne [[Django Reinhardt]] en [[Toots Thielemans]] mei in autentyk Jeropeesk jazzkonsept, wêrby't Thielemans, troch it logysk brûken fan de oarspronklik Jeropeeske trijekwartsmaat [[wals]] (û.o. Bluesette), de mooglikheid jûn hat ta it him ûntjaan fan in nije foarm fan Jeropeeske jazz. As ien fan de pear Jeropeeske jazzmuzikanten hat [[Joe Vanenkhuizen]] dat konsept tapast troch al syn muzyk konsekwint yn dy maatsoart te komponearjen. Ek [[Pierre Courbois]] moat yn dat ferbân perfoarst neamd wurde, hy is ekspêrt op it mêd fan Jeropeeske [[maatsoarten]].
 
=== De Swing-era ===
Dizze iere stilen fan de jazz ûntjoegen har yn de tritiger en fjirtiger jierren fan de 20e ieu nei muzyk foar grutte orkesten. Dy fariant wurdt [[Swing]] neamd en wurdt spile troch 'big bands' fan 10-20 muzikanten. De grutste nammen yn de swarte line yn dy tiid wie Edward 'Duke' Ellington ([[Duke Ellington]]) en Willam 'Count' Basie ([[Count Basie]]), en yn de blanke line waard [[Benny Goodman]] ien fan de bekendste orkestlieders út de Swing tiid.
Underwilens wie jazz mandeguod fan it Amerikaanske en Jeropeeske publyk wurden en wie dy muzyk o sa populêr. De swarte en blanke line wiene byinoarkommen yn dy sin, dat de measte orkesten sawol swarte as blanke muzikanten hiene.
Rigel 39:
Yn Nederlân waard op [[5 maaie 1945]] de[[Dutch Swing College Band]] oprjochte. Letter folgen ûnder oaren de [[Down Town Jazz band]], [[New Orleans Syncopators]] en de [[Dixieland Pipers]].
 
=== Bebop ===
De twadde rjochting dy't de jazz út gong fan de fjirtiger jierren fan de 20ste ieu ieu wie de [[Bebop]]. Muzikanten as [[Dizzy Gillespie]], [[John Coltrane]] en [[Charles Mingus]] fûnen de 'âlde styl' te simpel en sochten nei moderne foarmen. De oprjochting fan dy styl wurdt faak oan [[Charlie Parker]] taskreaun. De styl waard Bebop neamd foar 't neist nei de hierdracht fan [[Dizzy Gillespie]] en hie as skaaimerk it opswypkjend karakter. De term is in saneamd [[Media:onomatopee]]; dat wol sizze it neidwaan fan klank. En gauris tapaste rif yn de Bebop is be-bop-be-bop wêrby't de -be- de heechste klank is. De muzykstyl is dus neamd nei it gauris tapaste melodylyntsje.
Mei de styl fan it hier hat de term neat te krijen as it om de namme giet. Wol is it sa dat letter in saneamd Bebopkapsel ûntstie. Wat dat mei de echte bebopmuzyk út te stean hat is net dúdlik, want de echte Beboppers hiene altyd in petsje op (en in bril fan hoarn).
 
=== Cooljazz ===
Koart dêrnei ûntstie - as reaksje op de opswypkjende bebop - de [[cooljazz]], dêr't [[Miles Davis]] ien fan de wichtichste en bekendste fertolkers fan wie (sjoch albums as Birth of the Cool en Kind Of Blue). Ek de muzyk fan [[Dave Brubeck]] kin ta dizze styl rekkene wurde. Oare grutte namen dy't hjirmei yn ferbân te bringen mei de 'cooljazz':[[Chet Baker]], [[The Modern Jazz Quartet]] en yn Nederlân de sangeressen Ann Burton en [[Rita Reys]].
 
=== Hard Bop ===
As mear as dúdlike reaksje op de cooljazz ûntstie de [[Hard Bop]] (ek wol Hard Bop Regression neamd). Mei't de cooljazz oan de westkust fan de Feriene Steaten bot oansloech (West Coast Jazz), foaral yn [[Los Angeles]] dêr't de filmstudio's festige wiene, hiene de jazzmuzikanten yn [[New York]] net folle wurk. Dêrom begûnen hja in nije, ekstraverte jazzstyl te yntrodusearjen dy't fol emoasje siet. De akkoardeskema's waard ienfâldiger, meast bluesskema's, en it driuwende ritme waard wer wichtich (dêrûnder it shuffle-ritme). Der waard in link nei mei [[Gospelmuzyk]], hoewol't Hard Bop nea yn tsjerke spile waard. Dat is werom te finen yn de titels fan echte Hard Bop nûmers as ''Moanin'', ''The Preacher'' en ''The Sermon''. Wichtige muzikanten yn de Hard Bop binne û.o. Art Blakey en syn Jazz Messengers, Horace Silver, Clifford Brown, Lee Morgan, Miles Davis, John Coltrane en Sonny Rollins.
 
=== Free Jazz ===
Ein fyftiger jierren wiene it [[Sun Ra]] en benammen [[Ornette Coleman]] dy't mei de [[free jazz]]-streaming út ein setten: ien fan de begjinpunten wie Coleman's album ''Free Jazz'' ([[1960]]); dêr spilen twa kwarten op, elk ien kant fan it stereoknaal, dy't 38 minuten lang ymprovisearren sûnder hokker ôfspraak dan ek. Lettere muzikanten wiene [[Albert Ayler]], [[John Coltrane]] en [[Eric Dolphy]]. Yn Jeropa foarmen muzikanten har eigen free jazz, de saneamde 'ymprovisearre muzyk' omdat it folle minder jazzeleminten yn him hie; ek wiene der ynfloeden út folk en klassike muzyk te hearren. Ferneamd mei dy muzyk waarden de Nederlânske muzikanten [[Misha Mengelberg]], [[Willem Breuker]] en [[Han Bennink]] en it [[ICP-Orchestra]] (se brûkten en brûke noch hieltyd de term ''instant composition'' yn stee fan ''ymprovisaasje''). Wylst de jazz kommersjeel oantreklik blykte te wêzen, ûntstie tagelyk it folle better ferkeapjende fusion (sjoch hjirûnder).
 
=== Fusion ===
Oan de ein fan de sechstiger jierren slacht Miles Davis in nij paad yn. Hy mingd mei syn groep jazz mei populêre muzyk, meast rock. Dêrom wurdt fusion ek wol jazzrock neamd. It album ''Bitches Brew'' fan Miles Davis wurdt gauris beskôge as it startpunt fan dizze streaming. Muzikanten as John McLaughlin, Herbie Hancock, Chick Corea, Joe Zawinul, Tony Williams dy't allegear mei Miles Davis spilen begjinne mei harren eigen fusion groepen: Lifetime, Mahavishnu Orchestra, Weather Report. Dizze styl bliuwt populêr yn de jierren santich.
 
=== It hjoed en de takomst ===
De jazzmuzyk mingde har fan de sechstiger jierren fan de 20ste ieu ôf stadichoan mei populêre muzyk, en ek de bebop- en swing-jazz evoluearret. Tink dêrby oan stilen as [[neo-bop]], [[nu-jazz]], [[acid-jazz]], [[modern creative]] en [[Free jazz|free-jazz]]. De term ''jazz'' stiet no foar in folle breder skala oan muzyksoarten as yn de tritiger en fjirtiger jierren fan de 20ste ieu it gefal wie. Muzyk evolearret, de jazzmuzyk dus ek. Hieltyd nije stilen fan jazz kundigje har oan, likegoed as ûntelbere soarten fan mingfoarmen mei pop, soul, funk en rock. [[Jazz-fusion]] en [[Latin jazz|latin-jazz]] binne dêr foarbylden fan.
 
Rigel 63:
Dochs binne wichtige jazz-eleminten noch hieltyd werom te finen yn in soad muzyk fan hjoed de dei. In soad klubs draaie ''lounge'' en ''jazz-dance'' dêr't jazz-samples yn ferwurke binne. Op dy wize komme de jongere generaasjes yn de kunde mei (ôflaten fan) de jazz, en dat hâldt jazz libben.
 
== Skaaimerken ==
Skaaimerk fan jazz (benammen de modernere farianten) is it fannijs brûken fan allerhande tsjerketoanljedders en it brûken fan komplekse akkoarden; hast elk momint wurdt mei [[septiem]], [[none (muziek)|none]], [[undeciem]], [[tredeciem]] harmonisearre. 'Keale' akkoarden binne heechst útsûnderlik. Ek wurdt yn jazz folle mear ymprovisearre as yn de measte oare muzykstilen. De measte foarmen fan jazz [[swinge]], dat wol sizze, der wurdt gebrûk makke fan de ''triolenfeel'' mei swingende achtsten.
Dat hâldt yn dat loopkes fan - op papier - allegear like lang (achtste) noaten sa spile wurde dat de ûneven achtsten sawat twa kear sa lang duorje as de even achtsten. Dat wurdt ek wol opskreaun yn de foarm fan pearen fan in achtste noat mei in punt mei in punt folge troch in sechstjinde noat (tiidferhâlding 3:1 yn stee fan 2:1), mar dat wurdt dan dochs mear spile yn in 2:1 ferhâlding.
Jazz is wat Wittgenstein in Typusbegriff neamde: alle skaaimerken fan jazz binne ek yn oare muzyk werom te finen. It is de kombinaasje dy't de echte jazz ûnderskiedt. Grinsgefallen jouwe te tinken: hoe moat de jazz suite fan de ''klassike'' komponist [[Stravinsky]] pleatst wurde, en hoe de suites foar grut orkest dy't ''jazzmuzikus'' Duke Ellington yn syn lettere libben skreau?
 
== In soad yn de jazz brûkte muzykynstruminten ==
In soad ynstruminten kinne foar jazz brûkt wurde, in eksklusyf jazzynstruminten is der winliken net, al binne der wol ynstruminten dy't benammen troch it brûken yn de jazz bekend wurden binne (dan wol meast yn kombinaasje mei in ferneamde bespiler fan sa'n ynstrumint):
 
Rigel 86:
[[fibrafoan]]
 
== Ferneamde hjoeddeiske jazzensembles ==
[[Big Phat Band]] (USA) –
[[Bob Mintzer Big Band]] (USA) –
Rigel 104:
[[Vienna Art Ensemble]] (Oos.)
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.jazz.nl/ Jazz.nl, it sintrale punt foar jazz yn Nederlân]
* [http://www.jazzmasters.nl/ Jazzmasters.nl, mânsk oersjoch fan jazzmuzikanten yn Nederlân]
* [http://www.jazzserver.nl/ Databank Nederlânsk jazz]
 
[[Kategory:Muzyk]]
Rigel 164:
[[lt:Džiazas]]
[[lv:Džezs]]
[[mk:Џез]]
[[nah:Jazz]]
[[nds:Jazz]]