Peazens (plak): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nij stik oer Peazens
 
L →‎De fiskerij: Oanfolling
Rigel 10:
Fanâlds wie Peazens in fiskersdoarp. De fiskerij smiet net folle op. De Tegenwoordige Staat van Friesland sprekt dan ek fan in earm fiskersdoarp.
 
De skippen leinen yn 'e winter, om't der yn Peazens net oan te lizzen wie, yn [[Iesumasyl]]. De fisk dy't net oan de opkeapers ferkocht waard, sutelen de froulju oer de Peazens, en letter ek wol mei karren, oant yn [[Dokkum]] ta út. It measte waard útsutele mei it jok. De froulju gienen dan mei twa kuorren by de huzen lâns. Ek wienen guon fiskers binnenfiskers.
 
Yn 1812 wienen der 18 fiskerskippen fan 30 ton mei 5 bemanningsleden. Om 1850 waarden de skippen grutter.