Filippus Arabs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fw
No edit summary
Rigel 7:
Fan Filippus is bekend dat er direkt of yndirekt belutsen west is by de dea fan de prefekt fan de [[praetoriaanske garde]], [[Timesteus]] dy't er opfolge en dêrnei by dy fan keizer [[Gordianus III]].
 
Timesteus wie op dat stuit tige suksesfol yn de militêre kampanje tsjin de Perzen en ferstoar hommels troch in sykte as Filippus op it skiednistoaniel ferskynt as syn opfolger. De striid tsjin de Perzen set him troch en yn it begjin fan 244 hawwe de Romeinen te krijen mei in sterke Perzyske tsjinoanfol dy't neffens de Perzske boarnen út dy tiid einige troch in oerwinning op de Romeinen yn de slach fan Misiche (tichtby it moderne Fallujah yn Irak) en de dea fan keizer Gordianus III. Dizze nederlaach wurdt yn de Romeinske boarnen net neamd en de dea fan de keizer wurdt suggerearre fierder wei, oan de boppestream fan de [[EufratEufraat]]. Lettere boarnen hawwe Filippus dy't him opfolge, oanwiisd as de moardner fan Gordianusm, mar de krekte omstannigens fan syn dea binne net bekend.
 
==Keizer==