Ferskil tusken ferzjes fan "Filippus Arabs"

(→‎Opkomst: stred)
'''Marcus Julius Philippus''' (± [[204]] - [[249]]), bekend as '''Filippus Arabs''', 'Filippus de Arabier', wie [[Romeinske keizers|keizer fan Rome]] [[244]] oant [[249]].
 
== Opkomst ==
Oer it libben en politike karriêre fan Filippus foardat er keizer waard is net folle fan bekend. Hy wie de soan fan Julius Marinus en is nei alle gedachten berne yn [[Trachonitis|Arabia Trachonitis]] of yn [[Damaskus]], yn de destiids Romeinske provinsje [[Syrje]].
 
Fan Filippus is bekend dat er direkt of yndirekt belutsen west is by de dea fan de prefekt fan de [[praetoriaanske garde]], [[Timesteus]] dy't er opfolge en dêrnei by dy fan keizer [[Gordianus III]].
 
Timesteus wie op dat stuit tige suksesfolsúksesfol yn de militêre kampanje tsjin de Perzen en ferstoar hommels troch in sykte as Filippus op it skiednistoaniel ferskynt as syn opfolger. De striid tsjin de Perzen set him troch en yn it begjin fan [[244]] hawwe de Romeinen te krijen mei in sterke Perzyske tsjinoanfoltsjinoanfal dy't neffens de Perzske boarnen út dy tiid einige trochmei in oerwinning op de Romeinen yn de slach fan Misiche (tichtby it moderne Fallujah yn Irak) en de dea fan keizer Gordianus III. Dizze nederlaach wurdt yn de Romeinske boarnen net neamd en de dea fan de keizer wurdt suggerearre fierder wei, oan de boppestream fan de [[Eufraat]]. Lettere boarnen hawwe Filippus dy't him opfolge, oanwiisd as de moardner fan Gordianusm, mar de krekte omstannigens fan syn dea binne net bekend.
 
==Keizer==
56.981

bewurkings