Three-ality: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling
Rigel 1:
'''Three-ality''' is in Fryske popgroep. Yn 2002 wûn Three-ality de sjuerypriis en publykspriis by it Fryske sjongfestival [[Liet]], doe noch ûnder de namme ''Flat out''. Dêrnei folge ek in earste palk op it streekfestival fan Nederlân. Nei in toernee mei [[Nynke Laverman]] en [[De Kast]] dienen se mei oan in troch [[Leoni Jansen]] organisearre teatertoernee troch Nederlân mei as titel " Made in Holland".
 
Maeike Sijtsma, Sanne Hoeksma en Femke Hoeksma kamen yn [[1995]], se wienen doe sawat fyftjin jier, mei elkoar yn de kunde yn in bernekoar. Se binne dêrnei net ophâlden te sjongen. Under de namme Three-ality, in gearfoeging fan trije en realiteit waard it serieuzer. Producer Onno Krijn (man fan Leoni Jansen) joech de oanset ta in modern pop-/wrâldmuzykalbum mei Nederlânsktalige lietsjes út de Midsieuwen. It album 't Minne sit ek fol mei ûndogenske teksten en is in kombinaasje fan âlde en nije teksten en ynstruminten.
== Gearstalling ==
De groep hat trije sjongsters:
* Maeike Sijtsma (1983)
* Femke Hoeksma (1985)
* Sanne Hoeksma (1987)
 
== Diskografy ==
=== Single's ===
* [[2007]]: ''Simmer yn Fryslân'' - mei [[Remon de Jong]]
* [[2007]]: ''Winter mei dy''
 
=== Albums ===
* [[2009]]: '''t Minne''
 
== Keppeling om utens ==