Pannoanje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: sh:Panonija
No edit summary
Rigel 12:
 
Nei de oerwinning waard Illyricum yn [[9|9 n. Kr.]] opdield yn twa parten: de ''provinciae Pannonia en Dalmatia'', dy’t beide troch in ''lânfâd'' fan konsulêre stân beheard waard. De fermoedlike reden wie de oanwêzigens fan in grut leger fan sân legioenen. Keizer Augustus woe net dat ien gûverneur hjir kontrôle oer hie.
 
=== Ein fan de Romeinske tiid ===
Fan de [[4e ieu]] ôf krige de regio te meitsjen mei ynfallen fan [[Germanen|Germaanske]] folken. Yn 340 waard oan de [[Fandalen]] tastimming jûn om harren yn it Romeinske Ryk te festigjen. As bûsmaten ([[foederaty]]) fan de Romeinen krige sy lân yn Pannoanje tawiisd en ferbleaunen dêr oant sy om 400 hinne yn opstân kamen. Troch de Romeinske Generaal [[Stilicho]] waard kampagnje tsjin de Fandalen fierd en hy ferdreau harren út it Ryk.
 
By de ynfallen troch [[Hunnen]] yn it begjin fan de 5de ieu waard it gebiet troch keizer [[Theodosius II]] ôfstien (433). Nei de dea fan harren leider, [[Attila de Hun|Attila]] yn 453, nommen de [[Ostrogoaten]] (ûnder lieding fan [[Diderik de Grote]]) it gebiet oer, tagelyk mei de [[Gepiden]] en de [[Longobarden]].
 
Lykwols einige hjirmei net de rige ynfallen. De [[Avaren]], in fan oarsprong mingd, benammen
[[Turkske folken|Turks]]-[[Mongoalen|Mongoalsk]] [[nomaden]]folk, besette fan 568 ôf Pannoanje en de Grutte Hongaarsk0e Leechflakte eastlik fan de Donau, en stiften der it Avaarske Ryk. Fan 895 ôf waard it gebiet oernomd troch de [[Hongaren]].