Frânske Tiid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
oanf fan nl
Rigel 7:
*[[Earste Franske Keizerryk]] (1810-1815)
 
Yn [[1795]] wurdt de Nederlânske Republyk troch [[Napoleon Bonaparte]] beset, dêr't Fryslân troch har ûnôfhinklike posysje ferlear. De eigen [[Fryske Admiraliteit|admiraliteit]] en leger, en it [[Hof fan Fryslân]] holden op te bestean. De Fryske [[eallju]] rekken har foarrjochten kwyt en yn [[1811]] moast de ferneamde [[Universiteit fan Frjentsjer]] har doarren slute. Fryslân waard in provinsje en alderlei fernijings ynfierd wurde soenen lykas it [[kadaster]] en de [[boargerlike stân]].
== Wichtige gefolgen ==
De wichtichste effekten fan de Frânske Tiid wiene:
* It ein fan de Nederlandse republyk en tt begjin fan it keninkryk fan de Nederlannen. In sintralisearre steatsbestel ferfong it federale model.
* De definitive ekonomyske oerwinning fan [[Grut-Brittanje|Grut-Brittanje]] op [[Nederlân]]. Nederland ferlear de [[Kaapkoloanje]] en de koloaniën yn [[Guyana]] en [[Seylon]] oan de Britten. De [[Feriene Eastyndyske Kompanjy]] waard yn [[1798]] ûntbûn.
* Ynfiering fan de earste Nederlânske grûnwet, it [[Boargerlik Wetboek]], de [[Boargerlike Stân]], de [[tsjinstplicht]], it [[kadaster]], [[achternamme|achternammen]], [[hûsnûmer]]s en standerdmaten en -gewichten: de [[kilogram|kilo]], [[meter]] en [[liter]].
* Oprjochting fan it [[Keninklike Nederlandse Akademy fan Wittenskippen#Keninklik Ynstitút fan Wittenskippen|Keninklik Ynstitút fan Wittenskippen]], de [[Keninklike Bibleteek (Nederlân)|Keninklike Bibleteek]] en de Nasjonale Keunst-Galery, de foarrinner fan it [[Ryksmuseum Amsterdam|Ryksmuseum]].
 
== Sjoch ek ==
*[[Kollumer Oproer]]