Eije Wijkstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat. oanpast
st
Rigel 6:
Nei de legere skoalle gie IJe yn de lear as mitselder. Tegearre mei syn heit soe er ek streupt hawwe, yn alle gefallen koe er goed omgean mei in gewear.
 
IJe kin as betûft foeger aardich syn brea fertsjinje. Hy bleau by syn mem yn'e hûs en soe [[anargisme|anargist]] west hawwe. Hy moat neat hawwe fan guon dy't oerboppe him steane. IJe miende sels dat er te lijen hie fan in [[senuwsykte]]. Neffens eigen sizzen hat er ienris in senuwdokter yn Grins rieplachte en dy soe him in skoftke behannele hawwe. Yn dy tiid spile er harmonika en mocht er graach lêze, ûnder oaren wat wurk fan [[Friedrich Nietzsche]].
 
Wykstra stie net op in minne namme en hie komselden mei justysje yn oanrekking west. Guon miene dat syn kontakten mei de beruchte [[Durk Tabak]] en [[Jan Hut]] him gjin goed dien hawwe.
 
== Aaltsje en de moarden ==
Yn [[1928]] krijt er in ferhâlding mei Aaltje Wobbes, it wiif fan syn freon Hendrik Wobbes, dy't fêst sit foar stellerij. Neffens de oerlevering hat Aaltsje in soad ynfloed op IJe. Hy bliuwt 14 dagen by har. In skoftke letter giet Aaltje by IJe yn en lit hja har seis bern yn de steek. Mem Wykstra kin der net oer en giet fuort.
 
Fanwegen it oan harren lot oerlitten fan de bern, wol [[rjochterlike macht|Justysje]] yn [[Grins (stêd)|Grins]] Aaltsje hearre. De [[boargemaster]] fan [[Gruttegast (gemeente)|Gruttegast]] wurdt hjitten Aaltsje te arrestearjen en nei Grins bringe te litten. Blykber foarsjocht de boargemaster swierrichheden, want hy stjoert leafst fjouwer [[fjildwachter]]s, twa gemeentelikegemeentlike en twa ryksfjildwachters.
 
Op [[18 jannewaris]] [[1929]] wachtet Wijkstra de fjildwachters op mei in [[karabyn]]. Neffens de ferhalen frear it dy deis 18 graden. It slagget IJe alle fjouwer plysjes del te sjitten, by trije fiket er letter de kiel noch troch. Hy rekket sels licht ferwûne. Hy bringt Aeltsje ûnder by in neef en flechtet nei Grins. Op wei nei it sikehûs wurdt er oanhâlden.
 
== Nei de moard ==
Yn april 1929 wurdt er troch de [[rjochtbank]] in Grins ta [[libbenslang]] feroardiele. Yn [[heger berop]] makket it Hôf yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] der 20 jier fan. Ek yn april skriuwt Wykstra syn libbensferhaal op fersyk fan in reklassearringsamtner.
 
Yn 1941 wurdt Wykstra fan de Ljouwerter finzenis oerpleatst nei it Rykskranksinnigegesticht te [[Woensel]] (Eindhoven). Dêr komt er in pear wike letter te ferstjerreferstjerren oan de gefolgen fan [[Tuberkuloaze|TBC]]. Hy wie doe 45 jier. Op [[10 juny]] [[1941]] waard er te Eindhoven begroeven.
 
It drama yn Doezum joech in protte opskuor. De begraffenis fan de fjouwer plysjes wurdt in nasjonaal barren en yn it gemeentehûs te Gruttegast wurdt in [[plakette]] oanbrocht, ta oantins fan de fjouwer fjildwachters.<BR> It hûs fan 'it bist fan Doezum' wurdt yn de brân stutsen.
 
== Boeken en film ==
It libben fan Wykstra is fêstlein yn meardere boeken, ûnder oaren troch [[Rink van der Velde]]. Dit boek waard yn [[1980]] ferfilme troch [[Pieter Verhoeff]], mei as de titel ''Het teken van het beest''.
 
== Keppeling om utens ==
==Externe link==
* [http://www.soar.nl/wijkstra/geschiedenis.htm Weromsjen fan IJe Wijkstra sels yn 1929]
 
[[Kategory:Grinzer|Wijkstra, Eije]]
[[Kategory:Gruttegast|Wijkstra, Eije]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan|Wijkstra, Eije]]
 
 
[[nl:IJe Wijkstra]]