Samuel Heinrich Schwabe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|right|250px|''Heinrich Schwabe'' '''Samuel Heinrich Schwabe''' (Dessau, 25 oktober 1789 – Dessau, 11 april 1875) wie in...
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Samuel Heinrich Schwabe.jpg|thumb|right|250px|''Heinrich Schwabe'']]
 
'''Samuel Heinrich Schwabe''' ([[Dessau]], [[25 oktober]] [[1789]] – Dessau, [[11 april]] [[1875]]) wie in [[Dútslân|Dútsk]] [[astronomy|astronoom]], dy’t benammen ferneamd wurden is foartroch syn ûndersyk nei [[sinneflekken]].
 
Schwabe begûn syn karriêre as apteker, mar syn ynteresse feroare al gau naunei de astronomy. Yn [[1826]] gie hy him talizzen op ûndersyk nei sinneflekken. Hy besike om de teoretyske planeet [[Fulkaan (planeet)|Fulkaan]] te sykjen, dy’t him neffens astrologen earne tusken [[Merkurius]] en de [[sinne]] befûn,sitte te sykjenmoast. Fanwegen de koarte ôfstân tusken dizze planeet en de sinne moast it sykjen nei de planeet tige lêstichlestich wêze. Dêrom kaam Schwabe mei it plan om de planeet te besjen op it stuit dat er by in sinneflek del fleane soe, en him sadwaande tsjin in tsjusterder eftergrûn befûn.
 
Fan [[1826]] oant [[1843]] bestudearre Schwabe om dizze reden eltse kleare dei de sinne op syk nei sinneflekken. Hy fûn de planeet net, mar ûntduts wol in patroan yn it tal sinneflekken op de sinne, de [[sinnesyklus]]. Hy publisearre dizze resultaten yn in koart artikel mei de namme ''Solar Observations during 1843''. Hjiryn kaam hy mei de teory oer in tsienjierrige perioade, wêryn eltse tsien jier it tal sinneflekken op syn hichtepunt wêze soe. It artikel krige op it earst kwealik omtinken, oant it stuit dat [[Rudolf Wolf]], doe haad fan it observatoarium fan [[Bern]], it artikel te lêzen krychkrige. Hy rekke ynteressearre yn it ûnderwerp en begûn in stúdzje nei sinneflekken. Schwabes observaasjes waarden efternei publisearre troch [[Alexander von Humboldt]] yn it tredde part fan syn wurk ''Kosmos'', dat útbrocht waard yn [[1851]].
 
Yn [[1857]] krige Schwabe de [[Gouden Medalje fan de Royal Astronomical Society]].
 
== Keppelings om utens ==
*[http://www.schwabe-verein.de/ Schwabe-Verein Dessau e.V.]
*[http://www.schwabehaus.de/ Schwabehaus Dessau]