Skear: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 18 nov 2009 om 00.23

In skeer binne lytse rotseilantsje, meastal te lyts om op te wenje. It kin sels allinnich út ien stik rots bestean. Se binne ûntstean yn de iistiden yn ferskate gebieten fan it noardlik healrûn.

In skeer yn ûndjip wetter foar de kust fan it eilân Krøttøy yn Noarwegen.
In loftfoto fan de skerekust by Turku, Finlân.

Etymology

De term skeer komt fan it Ald-Noarske wurd sker, dat letterlik ’in rots yn de see’ betsjut. It wurd komt yn alle Skandinavyske talen foar: Iislânsk en Faroëesk: Sker Noarsk: Skjær en skjer Sweedsk: Skär Finsk: Kari

Grutte eilannegroepen dy’t út skeren besteane wurde yn Skandinaavje skärgård (Sweedsk) skjærgård (Noarsk en Deensk) en saaristo (Finsk) neamd. It betsjut letterlik ‘skeretún’.

Wittenskiplike yndieling en ûntstean

Yn de stúdzje fan de geomorfology wurde de skeren tegearre mei de holmen (gruttere, ticht beboske eilannen) by de saneamde roches moutronnees rekkene. It is in oerkoepeljend wurd foar rotseftige lânskipsfoarmen dy’t troch de glasiale eroazje ûntstean binne. Lykas fjorden is de skerenkust ûntstien yn iistiden. Nei it fuortramen fan de grutte iismassa’s binne de rotsformaasje, dy't lykas de oare parten fan it lân ûnder de tige grouwe iislaach sieten, kamen de eilantsjes yn de lêste 10.000 jier wer boppe de seespegel as lytse eilantsjes. It geologyske proses fan lânoptilling yn bygelyks Skandinaavje giet noch hieltyd troch, wêrtroch de lytse eilantsjes oangroeie bliuwe. Gruttere skeren kinne in oerflak fan inkele kante kilometers berikke.

Foarkommen

Skeren komme foar op it noardlik healrûn. Se komme foar lâns it Skagerrak, de Eastsee, de Botnyske Golf en yn it noarden fan Ruslân, bygelyks by it Tajmyr skiereilân. Ek binne yn Ruslân de Mininaskeren yn de Karasee. Ferneamd binne de skeren fan Bohuslän oan de Sweedske westkust, de skeren fan Stokholm oan de Sweedske eastkust, en fan Turku oan de Finske súdwestkust. Ek yn Noarwegen, dat benammen ferneamd is om har fjorden, binne oan hast de heule kust skeren te sjen.

Yn Noard-Amearika, lâns de kust fan Kanada en de Feriene Steaten komme ek skeren foar.