Limburchsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: ang:Limburgisc
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: gl:Lingua limburguesa; tekstwiziging
Rigel 1:
It '''Limburchsk''' is in [[Westgermaansk]]e taal dy't yn in grut part fan [[Limburch (Nederlân)|Nederlânsk]] en [[Limburch (Belgje)|Belgysk Limburch]] en yn in pear doarpkes yn [[Noard-Brabân]] praat wurdt. It tal sprekkers wurdt skatten op likernôch 1,6 miljoen. It is sûnt [[1997]] yn Nederlân erkend as [[streekstaal]]; oars as [[Nederlânsk]] en [[Frysk]] is it gjin [[rykstaal]].
 
== Omskriuwing ==
Lykas it [[Nederlânsk]] is it Limburchsk in [[Nederfrankyske talen|Nederfrankyske]] taal, dy't yn de lette Midsieuwen ûntstien wêze moat. De grins fan it Limburchsk wurdt op it stuit lutsen mei de line fan de twatoanigens. Yn dat gebiet kin in lang wurdlid op twa manieren útsprutsen wurde: delgeand, lykas yn't Frysk en it Nederlânsk, of opgeand. Oan dy lêste toan wurdt in Limburger faak ek werkend as er in oare taal praat.
 
De dialektyske ferskillen fan it Limburchsk binne sa grut, dat beskate dialekten ûnderling net te ferstean binne. Wichtige [[isoglosse]]n dy't troch it Limburchske taalgebiet rinne binne:
 
* De [[Uerdinger Liny]]: de grins tusken "ik" en "ich";
* De [[Benrather Liny]]: de grins tusken -k en -ch nei in lang lûd (''maake[n]''/''maache[n]'');
* De [[Panninger Liny]]: de grins tusken s- en sj- yn in wurd as ''s(j)lech'' ("sljocht");
* De [[Panninger Ofspjalt]]: de grins tusken sch- en sj- dêr't it Frysk sk- hat;
* De grins tusken ''gij'' en ''doe'' foar "do/dû";
* De grins tusken ''boom'' en ''boum'' foar "beam";
* De grinzen tusken ''ij'' en ''ui'' oan de iene en ''ie'' en ''oe'' oan de oare kant.
 
== Foarbylden ==
Hjir folget de oanfang fan it [[Heechliet]] (haadstik 1, fers 1-7), yn ferskillende Limburchske dialekten.
 
=== It dialekt fan [[Maastricht]] ===
:(1)'''Kantiek''', vaan Salomon.
 
Rigel 46:
(Fertaald út de Bibel fan it NBG en de KBS út [[2004]])
 
== Keppelings om utens ==
* [http://li.wikipedia.org De Limburchske Wikipedy]
* [http://www.limburghuis.nl Webstee fan de Wurkgroep AGL]
* [http://www.limburgsedialekten.nl Webstee fan de Streektaalfunksjenaris foar it Limburchsk]
 
[[Kategory:Westgermaanske talen]]
Rigel 65:
[[eu:Limburgera]]
[[fr:Limbourgeois]]
[[gl:Lingua limburguesa]]
[[hak:Lìm-pó-ngî]]
[[he:לימבורגית]]