Guillotine: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Guillotine
oanf fan nl
Rigel 1:
{{stobbe}}
 
[[Ofbyld:guillotinemodels.jpg|thumb|right|''Replika's (skeal 1 op 6) fan de twa meast brûkte Franske guillotines. Model 1792 lofts, model 1872 rjochts'']]
 
Line 6 ⟶ 4:
 
De guillotine is fral bekend fan de [[Frânske Revolúsje]], mar foartiids wiene der ek al soksoarte masines . De earste ûnthalzing dêr't oar skreaun is, is dy mei de ''Halifax Gibbet'' yn [[1286]] te [[Halifax (West Yorkshire)|Halifax]], West Yorkshire yn [[Ingelân]] dêr't men de falbile oant de [[17e ieu]] brûken bleau. Ek yn [[Skotlân]] waard in ''gibbet'', mei in rjocht of healrûn mes, brûkt.
 
== Eftergrûn ==
De guillotine is neamd nei [[Joseph-Ignace Guillotin]] ([[1738]] - [[1814]]), dy't útstelde de guillotine as standerd eksekúsjemetoade te brûken. Guillotin wie in fûl tsjinstanner fan de [[deastraf]]. Hy hope dat de guillotine in tuskenstap op wei nei folsleine ôfskaffing fan de deastraf wêze soe. Kening [[Loadewyk XVI fan Frankryk|Loadewyk XVI]] dy't tige niget oan technyk hie, seach it apparaat en stelde in tal ferbetteringen út, dêr't it skean ôfrinnen fan de bile ûnder wie, opdat it mes troch de hals 'snije' soe. Hy liet in oanpaste ferzje meitsje troch syn liifdokter Louis. Loadewijk stoar letter sels ûnder de ferbettere guillotine.
 
De guillotine as iennige wize fan eksekúsje wie in stap yn de rjochting fan de troch de Frâns revolúsjonêren foarstiene [[gelikens]] fan alle boargers. Dizze metoade waard brûkt oant de deastraf yn Frankryk ôfskaft waard yn [[1981]]. Ta de dea feroardiele militêren krigen lykwols hieltyd de kûgel yn Frankryk.
 
== De guillotine yn Nederlân ==
Om 1800 hinne waard de guillotine troch de Frânsen ek yn [[Nederlân]] yntrodúsearre. Oare foarmen fan de [[deastraf]], útsein [[wjirging]], waarden ferbearn. Op [[15 juny]] [[1812]] waard de guillotine yndied foar it earst yn Nederlân brûkt. Dizze terjochtstelling barde foar de Alde Weach op de Nieuwmarkt yn [[Amsterdam]]. Op [[1 maaie]] [[1813]] is yn [[Den Haach]] nochris fan de guillotine gebrûk makke om de njoggentjinjierrige Andriana Bouwman te eksekútearjen. Hja waard ta de dea feroardiele fanwege brântichting op in pleats dêr't hja tsjinne.
 
 
[[Kategory:Deastraf]]
[[Kategory:Frânske Revolúsje]]
[[Kategory:Rjocht]]
[[Kategory:Skiednis fan Frankryk]]