Steaten-Generaal fan de Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ferskate plakken
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 19 nov 2009 om 21.21

De Steaten-Generaal fan de Nederlannen wie oarspronklik in bestjoersorgaan fan de Nederlânske Republyk (17e-18e ieu). De Republyk bestie út selsstannige steaten dy't harren binnennlânske oangelegenheden sels regelen. Foar bûtenlânske oangelegenheden en lânsferdigening kamen se gear. Hjirfoar stjoerden se ôffurdigen nei de Steaten-Generaal. Eltse steat hie dêr in stim.

Sûnt 1815 is it de oantsjutting fan foar de fertsjintwurdiging fan it Nederlânske folk, ferdield yn in Earste Keamer en in Twadde Keamer. De keamers foarmje tegearre it parlemint.