Pieter Boeles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:P.C.J.A. Boeles
-n
Rigel 2:
 
== Libben ==
BoelensBoeles waard berne yn Assen, mar brocht syn jeugd troch yn Ljouwert dêr't syn heit riedshear wie by it gerjochtshof. Yn Ljouwert trochrûn hy de legere skoalle en gong nei it gymnasium.
Pieter BoelensBoeles wie al op jonge leeftyd hiel bot ynteresseare yn skiednis en kaam in protte op it [[Frysk Museum]], dêr't ek de bibleteek fan it [[Frysk Genoatskip]] mei ferbûn wie dy't ûnder de hoede stie fan syn heit. Op it museum rekke BoelensBoeles befreone mei de konservator [[C.H.F.A. Corbelijn Battaerd]], dy't in soad belutsen wie by fynsten yn de provinsje Fryslân. Benammen by terpôfgravings waarden gauris nijsgjirrige ûntdekkings dien fan munten, gebrûks- en oare foarwerpen. Sûnt [[1840]] waarden de terpen hieltyd faker ôfgroeven om de terpierde dy't as keunstdong brûkt waard.
 
Nei syn skoaltiid yn Ljouwert folge hy in stúdzje rjochten oan de [[Universiteit fan Grins]], dêr't hy op 18 jannewaris 1896 ôfstudearre en waard abbekaat en prokureur te Ljouwert (1897-1903). Ek waard hy lykas earder syn heit bibletekaris fan it Frysk Genoatskip, en dêrnei boppedat konservator fan it Frysk Museum. Op bysûndere wize hat BoelensBoeles him ynwurke op it mêd fan in hiel oar matearje as syn stúdzje rjochten. Under him krige it museum, dat feitlik in depot wie, ek hieltyd mear argeologyske fynsten te ferwurkjen dy't yn dy tiid oarderj wienen neffens momint fan binnenkomst yn it museum. Troch BoelensBoeles waarden de fynsten foar de museumbesikers op in begryplike wize tentoansteld.
 
Yn de begjintiid spilet ek BoelensBoeles syn ûntdekking dat der [[runen]], skriftekennisse ynkrast stienen op ien fan de terpfiensten, it saneamde swurdsje fan Arum (tusken Boalsert en Harns), dêr't dat stikje hout út in terp te foarskyn kaam.
 
Yn 1903 rekket BoelensBoeles ferbûn mei de rjochterlike macht, dêr't hy syn fierdere wurksume libben ferskate funksjes by ferfolje sil. Op [[29 juny]] [[1905]] boasket hy mei [[Christina Cornelia Zeverijn]], út waans houlik fjouwer soannen berne waarden.
 
Boelens bleau oant syn santichste jier yn [[1945]] as riedshear by it gerjochtshof.
 
== Betsjutting as histoarikus ==
Op wittenskiplik mêd is BoelensBoeles fral ferneamd troch syn stúdzje fan Fryske muntfynsten dêr't syn mânske kennis fan de [[skeatta]]s, de [[Merovingen|merovingyske]] en [[Karolingen|karolingyske]] munten by opfalle en dy't lykop geane mei kennis fan oare argeologyske foarwerpen: it stien, de brûnzen wapenen, keramyk en de terpfynsten.
 
Syn krêft leit net yn de opgravings sels, mar yn it bestudearjen fan de foarwerpen, dy't foarhannen wienen yn it Frysk Museum en kolleksjes earne oars.
 
=== Bewenningskontinuïteit fan de Fryske terpen ===
Ien fan de wichtige fragen dêr't BoelensBoeles him mei dwaande hâlde, hie te krijen mei de fraach oft it noarden fan Nederlân yn it tiidrek 500 f. Kr. oant 1000 n. Kr. wol hieltyd, oan ien stik troch bewenne west hie, troch inselde [[Friezen|Frysk folk]]. Hy kaam yn 1927 al ta ferûnderstellings dy't tsjintwurdich hieltyd mear opgong dogge, te witten dat der gjin kontinuïteit oantoanber is yn de bewenningsskiednis fan it âlde Fryslân. Yn 1951 brocht er yn syn boek "Friesland tot de elfde eeuw" nei foaren dat alle bewizen ûntbrekke foar kontinuïteit yn de bewenningskiednis op de Fryske terpen.
 
== Wurken ==