Daasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
 
==Namme==
De Daasjers, dy’t yn it noarden fan de legere [[Donau]] libben yn it lân fan de [[Karpaten]] en [[TransilvaanjeTransylvaanje]], binne it earste bekende folk dy’t libben yn it lân dat no Roemeenje is. Se wurde foar it earst neamd yn skriuwsels fan [[Herodotus]] en [[Thucydides]]. Letter waarden de Daasjers neamd yn Romeinske dokuminten, en ek ûnder de namme ''Geta'' yn [[Grikelân|Grykske]] skriuwsels. De histoarikus [[Strabo]] seit dat de oarspronklike namme fan de Daasjers “daoi” wie, dat werom te fiere is op it Frygyske wurd “daos”, dat “wolf” betsjut. Dizze oanname komt ek werom op de findels fan de Daasjers, de [[Daasjeske Drako]], wêr’t in wolf op ôfbyld stiet. Op de Romeinske kaart [[Tabula Peutingeriana]] wurde de Daasjers oanhelle as ''Dagae'' en ''Gaete''.
 
Folle letter, yn de lette [[Midsieuwen]], brûkte de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] ferskate kearen de term Dacia foar [[Skandinaavje]] of [[Jutlân]], en guon keninklike famyljes fan it noarden fan [[Jeropa]] waarden oantsjutten as ‘fan Dacia’. Omdat de term net in soad brûkt waard en ek wer gau ferdwûn is der meastentiids gjin betizing mei de oarspronklike term.
Rigel 19:
Sûnt likernôch 2000 foar Kristus waarden [[Traasje]], it hjoeddeiske Bulgarije, en Daasje, it hjoeddeiske Roemeenje, bewenne troch besibbe folken fan de Daasjers. Lykwol Traasje as Daasje moasten harren deljaan oan it Romeinske Ryk. De Romeinen neamden it Roemeenske part ‘Colonia Dacia’.
 
De Daasjers wennen benammen yn TransilvaanjeTransylvaanje en yn it westen fan [[Walachije]]. Yn East-Walachije en [[Dobroedzja]] wennen de besibbe [[Geten]]. Yn Moldaavje libben de ek besibbe [[Karpen]] (nei wa neffens guon de Karpaten neamd binne), dy’t oan de ûnderwerping fan de Romeinen ûntkamen.
 
==Kultuer==