Emmeloard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Nije Side: {{wurk}}
 
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
 
'''Emmeloard''' is it haadplak fan de gemeente [[Noardeastpolder]]. It leit sintraal yn de polder en hat 25.222 ynwenners (1 july 2009).
 
By it ynrjochtsten fan de polder waard útgien fan ien sintraal plak, Emmeloard, en stjerfoarmige ferbiningswegen nei tsien lytsere doarpen, de saneamde ''‘Griendoarpen’'': [[Bant]], [[Kreil]], [[Ens]], [[Espel]], [[Kraggenboarch]], [[Luttelgeast]], [[Marknesse]], [[Nagele]], [[Rutten]] en [[Tollebeek]]. De sintrale posysje fan Emmeloard komt werom yn de [[Poldertoer]]. Dizze [[wettertoer]] stiet yn it geografyske midden fan de polder.
 
==Namme==
Emmeloard is ferneamd nei it doarpke ''Emmeloard'' dat op it eardere eilân [[Skoklân]] yn de [[Sudersee]] lei. It doarpke hiette ''Emelwerth''. ''Eem'', it earste par fan ''Emel'', is fan it [[Germaansk]]e ''ami'', in algemiene oantsjttuing foar in natuerlike wetterrin. ''Werth'' betsjut [[terp]]. Fan [[1650]] ôf wurdt de namme feroare nei ''Emeloirt''. ''Oirt'' (troch de ''i'' efter de ''o'' moat it út sprutsen wurde as ''oart'') betsjut punt, lykas yn Dinteloard en IJoart (letter IJdoarn). De oergong fan werth nei oart hat nei alle gedachten de krijen mei it ôfbrokkelje fan Skoklân. Dêrtroch wie Emelwerth hieltyd minder in terp, mar kaam it hieltyd mear op de punt fan it eilân te lizze.
 
==Skiednis==
Yn [[1936]] waard begûn mei it droech lizze fan de Noardeastpolder. Seis jier letter, [[1942]], wie de polder hielendal droech makke. Der waard goed 50.000 hektare lân ûntgon út de [[Iselmar]] (de eardere Sudersee). Op [[15 desimber]] [[1943]] waard it earste hûs fan Emmeloard bewenne.
 
Tegearre mei de tsien griendoarpen foarmet Emmeloard sûnt [[1962]] de gemeente Noardeastpolder. Sûnt [[1 jannewaris]] [[1986]] is de Noardeastpolder ûnderdiel fan de provinsje [[Flevolân]], derfoar ta [[Oerisel]].
 
Op [[22 augustus]] [[1996]] kaam Emmeloard yn it nijs omdat by it ûnderhâld oan in ferwaarmingstsjettel in gaseksploazje ûntstie yn de Flevoskoalle. Der rekken 20 minsken ferwûne en der foel ien deade. Letter dy’t bliken dat in min oandraaide moer te oarsaak wie.
 
===Stedsrjochten===
Op [[10 septimber]] [[1992]] krige Emmeloard symboalysk stêdsrjochten tawizen troch [[kommissaris fan de Keninginne]] [[J.A. van Kemenade]] fan [[Noard-Hollân]]. De bestjoerder hannele yn opdracht fan de [[Steaten fan Hollân]], wêrta de eardere eilannen Skoklân en Urk diel fan útmakken. Dit waard mooglik nei dat út dokuminten bliken wie dat de ''Hearlikheid Emelwaerde'' privileezjes hie. By dizze ludike aksje fan de provinsjes Flevolân, Oerisel en Noard-Hollân op Skoklân waard ''Godin Fortuna'' as skutterspatroan oanstelt. In búste fan har waard jierrene lyn yn de boaiem súdlik fan Emmeloard fûn. Har byltenis stiet no by it gemeentehûs en de stêd mei har no 'Civitas Fortunae Emmeloordis' neame. It Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan de gemeente Noardeastpolder meie harren sûnt dat stuit ''Skout en Skepenen fan de Stêd Emmeloard'' neame.
 
==Wiken==
Der binne ferskate wiken yn Emmeloard:
 
;Noard
* De Erven
* Waterland
* Emmelhage
 
;Sintrum/East
* Botenbuurt
* Ingenieursbuurt
* Plantenbuurt
* Vogelbuurt
 
;West
* Espelervaart
* Revelsant
* Sterrenbuurt
 
;Súd
*De Zuydert
 
Ek binne der op it stuit noch ferskate nijbouprojekten. Der wurdt no noch drok boud oan de wenwyk Emmelhage. In oar projekt is Ekopark, in kombinaasje fan wenjen en arbeidzje by yndustryterrein De Munt.
 
==Underwiis==
Der binne trettjin basisskoallen yn Emmeloard, fiif iepenbiere, fjouwer protestantske, twa katolike, ien reformeare en ien reformatoaryske skoalle. Ek binne der trije skoallen dy’t les jouwe yn it spesjale ûnderwiis. Op it nivo fan it fuortset ûnderwiis binne dêr it Zuyderzee College, Emelwerda College, Groenhorst College en it Bonifatius MAVO
 
De ROC Fryske Poart en it Groenhorst College jouwe les op yn it middelber beropsûnderwiis.