Emmeloard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 20:
 
===Stedsrjochten===
Op [[10 septimber]] [[1992]] krige Emmeloard symboalysk stêdsrjochten tawizen troch [[kommissaris fan de Keninginne]] [[J.A. van Kemenade]] fan [[Noard-Hollân]]. De bestjoerder hannele yn opdracht fan de [[Steaten fan Hollân]], wêrta de eardere eilannen Skoklân en [[Urk]] diel fan útmakken. Dit waard mooglik nei dat út dokuminten bliken wie dat de ''Hearlikheid Emelwaerde'' privileezjes hie. By dizze ludike aksje fan de provinsjes Flevolân, Oerisel en Noard-Hollân op Skoklân waard ''Godin Fortuna'' as skutterspatroan oanstelt. In búste fan har waard jierrene lyn yn de boaiem súdlik fan Emmeloard fûn. Har byltenis stiet no by it gemeentehûs en de stêd mei har no 'Civitas Fortunae Emmeloordis' neame. It Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan de gemeente Noardeastpolder meie harren sûnt dat stuit ''Skout en Skepenen fan de Stêd Emmeloard'' neame.
 
==Wiken==