Neogotyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Cuypers letter noch
Rigel 28:
====Pioniers====
Rûn 1850 kaam de wiere neogotyk op, doe't yn de provinsje [[Limburch]] twa jonge arsjitekten harren witten fan goatyske konstruksjes yn de praktyk brochten: [[Carl Weber]] (ek wol Karel Weber) en [[Pierre Cuypers]]. Weber arbeide doe fral yn de bisdommen Roermond en 's-Hertogenbosch en wie wierskynlik de earste dy't in echte neogoatyske tsjerke sette, al wie it mar troch in besteande tsjerke út te wreidzjen. In tredde pionier wie [[Hendrik Jacobus van Tulder]], dy't ek foaral yn it bisdom De Bosk warber wie.
[[Theo Molkenboer (1796)|Theo Molkenboer]] boude yn [[1852]] yn Amsterdam in tsjerke dy't wolris as it begjin fan de neogotyk yn Nederlân beskôge wurdt, mat dat is net mei rjocht.
====Alfred Tepe====
Tsjinoer it fermidden fan Cuypers, somtyds ek wol ''Amsterdamske Skoalle'' neamd (mei net betize wurde mei de Ekspresjonistyske streaming fan deselde namme), stiet it Utertske [[St. Bernulphusgilde]], dat yn 1869 oprjochte waard en dêr't [[Alfred Tepe]] de wichtichste arsjitekt wie. Dit troch geastliken dominearre gilde hâlde der strange opfettings oer tsjerklike keunst op nei, dêr't men fral werom gie op de [[Nederrynske gotyk]], bakstien it boumateriaal by útstek wie en dêr't net folle romte foar nije ideeën yn wie.
 
Tepe socht dan ek gearwurking mei keunstners út [[Keulen]] en helle dy ek nei Nederlân. Wylst de rûnte om Cuypers de ynlânske gotyk út de 15de en 16e ieu yn't earstoan as minderwurdich beskôge, fergelike mei de Frânske gotyk út de 13e ieu, en him dêr ek net troch beynfloedzje liet, beskôge it St. Bernulphusgilde de Frânske gotyk as te útlânsk om as foarbyld tsjinje te kinnen. De Nederrynske gotyk wie dan faaks wol fan minder alluere, sy kaam teminsten út eigen lân en dêrom moast de nije arsjitektoanyske tradysje dêryn woartelje, neffens har, om wier Nederlânsk te hjitten.
 
Tepe hie in hast folsleine [[monopoaly]]posysje yn de provinsje Utert, mar wie ek fan belang yn oare dielen fan it [[aartsbisdom]]. Cuypers soe nea in tsjerke yn de provinsje Utert sette, al hie de biskop fan Utert him frege om him dêr te fêstigjen. Yn oare kriten fan it aartsbisdom soe er him faak foechje moatte nei de ideeën fan it Gilde. Uiteinlik soe ek Cuypers de Frânske gotyk hieltyd mear gewurde litte en him ynspirearje litte troch de Nederlânske farianten fan de gotyk.
 
====Petrus Johannes van Genk====
Yn it bisdom Breda wie [[Petrus Johannes van Genk]] de oerhearkjende arsjitekt fan nije tsjerken. Syn styl stiet los fan dy fan sawol Cuypers as dy fan Tepe en leune sterk op de Belgyske neogotyk, dêr't it gebrûk fan natoerstien in wichtige rol yn spile.
 
====Nei 1914====
Line 45 ⟶ 55:
*VAN CLEVEN Jean (ed.), ''Neogotiek in België'', Tielt, 1994.
*DE MAEYER Jan (ed.), ''De Sint-Lucasscholen en de Neogotiek, 1862-1914'' (Kadoc Studies, 5), Leuven, 1988.
 
== Sjoch ek ==
* [[Neogotyske tsjerken yn Fryslân]]
 
== Keppeling om utens ==