Twadde Punyske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Second_Punic_War_full-nl.svg|thumb|right|300px|Kaart mei de Kartaagske fjildtochten en de wichtichste slaggen tidens de kriich. ]]
De '''Twadde Punyske oarloch''' ([[218 f. Kr.]] - [[201 f. Kr.]]) tusken [[Romeinske Republyk|Rome]] en [[Kartago]] wie foar Rome de kostberste fan de trije [[Punyske oarloggen]], dy't Rome oan de rân fan de ôfgrûn brocht. Wie de earste Punyske oarloch fral in maritime, dêr't de Romeinen foar de earste keare ûnderfining opdienen mei seeslaggen, de twadde waard alhiel op lân útfjochtsje, dêr't folle gruttere tallen striders by belutsen wienen en dus ek gruttere ferliezen liede wurde koenen. Der binne twa ferslagen oer de kriich beware bleaun, ien fan [[Livius]] en ien fan [[Polybius]].
 
Line 8 ⟶ 9:
 
== Oanfal oer lân fia de Alpen ==
[[File:HannibalTheCarthaginian.jpg|thumb|left|175px|Buste fan Hannibal Barkas]]
[[Ofbyld:Second_Punic_War_full-nl.svg|thumb|right|300px|Kaart mei de Kartaagske fjildtochten en de wichtichste slaggen tidens de kriich. ]]
 
Yn de [[Earste Punyske oarloch]] hie Kartago syn oarlochsfloat ferlern en Hannibal moast in oar plan betinke om Rome oan te fallen. Hy besleat om Itaalje fia de [[Alpen]] oan te fallen, mei in hiel grut leger dat û.o. oer 42 oaljefanten beskikte. Nei in drege tocht oer de [[Pyreneeën]], de [[Rône (rivier)|Rône]] en de Alpen ([[Col du Mont Cenis]]), wêrby't in grut part fan it leger ferlern gie, arrivierre hy op de [[Poflakte]] yn Noard-Itaalje. Ynearsten brocht hy de Romeinen in tal ferskriklike nederlagen ta, wêrûnder de [[slach by de Trebia]], de [[slach by it Trasimeenske mar]] en benammen de [[Slach by Cannae]], dêr't 8 [[legioen]]en ferneatige waarden en 48.000 Romeinen yn sneuvele. Hannibal wie op dat stuit net te ferslaan en op grûn fan syn oerwinnings hat er letter it predikaat fan ûnbeslist en superieur fjildhear krige. Wat lykwols ek bydroech oan syn suksessen wie it feit dat guons fan de bûnsmaten fan Rome yn Itaalje en de pas feroverde Gallyske gebieten op de Poflakte de strange Romeinske oerhearsking sêd wienen en oerrûnen nei de Kartagers.
 
Rigel 15:
 
== Omkear yn de kriich ==
[[File:Scipio Africanus the Elder.jpg|thumb|right|175px|Buste fan Skipio Afrikanus]]
Op advys fan de feteranen út de [[Earste Punyske Oarloch]] beneamd de Romeinske senaat [[Kunktator]] út har midden as [[diktator]] (lieder). Kunktator makket fan [[Skipio Afrikanus]] syn wichtichste generaal. De taktyk tsjin de Kartagers feroaret. Net langer wurdt Hannibal streekrjochts oanfallen, mar syn basis yn Spanje wurdt it doel, dêr't hy syn farske troepen en foarrieden fan wei hellet. Skipio wurdt mei dizze taak belêste en nei in ynearsten wifeljend offinsyf komt de ferovering goed op gong. De befelhawwers fan de Kartagers yn Spanje wienen net sa briljant as [[Hannibal Barkas]] en Skipio wist de ûnderlinge ûnienigens fan dy befelhawwers en in opstân by harren Numidyske bûnsmaten út te bûten. Boppedat hienen de Romeinen nochal wat sukses mei it foar har winnen fan de Iberyske bûnsmaten fan de Kartagers.