Minister: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ferskaat
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
earste Fryske minister
Rigel 1:
'''Minister''' is in wurd dat yn it [[Latyn]] letterlik ''tsjinner'' betsjut. Eartiids wie de minister in tsjinner fan de foarst. Hy stie him by mei ried en died. No binne ministers de heechste funksjonarissen yn in steatsbestjoer dy't yn de mande mei de steatssekretarissen it regear foarmje. Elke minister krijt foar in bepaald maatskiplik en bestjoerlik ûnderdiel in bepaalde ferantwurdlikheid en foech, sadat net 1 persoan alle steatsproblemen oplosse moat. Sa is der in minister fan ûnderwiis, fan arbeid, fan justysje, bûtenlânske saken, kultuer ensfh. De ministers wurde beneamd en ûntslein troch de kening en moatte ferantwurding ôflizze oan de fertsjintwurdigers fan it folk. De lieder fan de ministers is de minister-presidint.
 
De earste yn Fryslân berne minister wie [[Jannes Johannes Cornelis van Dijk]] dy't yn 1921 minister fan Oarloch en minister fan Marine a.i. waard yn it Kabinet-Ruijs de Beerenbrouck I.
 
[[Kategory:Steatsrjocht]]