Earste Punyske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
oeral Sisylje fan makke
Rigel 1:
[[Ofbyld:1e Punische oorlog.svg|thumb|right|200px|''Kaart fan Rome en Kartago en har bûnsmaten.'']]
De '''Earste Punyske oarloch''' ([[264 f. Kr.]] – [[241 f. Kr]]) wie de earste fan de trije [[Punyske oarloggen]], dy't útfochten waarden tusken [[Rome (stêd)|Rome]] en [[Kartago]] om de hegemony oer it Westlik Middellânske Seebekken. Dizze kriich waard fral op see striden en einige troch in Kartaagske nederlaach wêrby't hja de kontrôle ferlear oer har koloanjes op [[SysyljeSisylje]] en [[Sardynje]], hokker eilannen sûnt dy tiid Romeinske ''provinciae'' (=wingewesten) wêze soenen.
 
== It útbrekken fan de kriich ==
Rigel 7:
Oanlieding foar de kriich wie de stipe dy't Kartago ynearsten oan de stêd [[Messina (stêd)|Messina]] ferliende, tsjin in oanfal fan de Grykske stêd [[Syrakuse (Itaalje)|Syrakuse]]. De Kartagers gongen lykwols net út Messina fuort sadat de stêd har rjochte ta Rome om help. Nei lang yn har omgean litten te hawwen waard op foarspraak fan de ''[[comitia centuriata]]'' besletten ta yntervinsje op it eilân.
 
De Kartaagse oanwezigens yn it noarden fan SysyljeSisylje waard troch de Romeinen ek as bedriigjend field. Nei alle gedachten hat ek de oarlochssuchtigens fan de Romeinen yn it generaal en dy fan de senatoren yn it bysûnder hjirby in rôl spile. Oars falt net te ferklearjen wêrom't Rome har yn in oarloch stoarte dy't foar it grutste part oersee en op see fierd wurde soe. De tweintich oarloachskippen fan de Romeinen woegen nammentlik net op tsjin de hûnderten fan de Kartagers.
 
== Kriichsferrin ==
De kriich sette útein doe't Rome mei in oarloch op lân de Kartaagske koloanjes op West-SysyljeSisylje besocht yn te nimmen. Konsul [[Appius Kaudius Saudeks]] stuts yn 264 f. Kr., yn in donkere nacht de [[Strjitte fan Messina]] oer en sette syn leger oan wâl yn de haven fan Messina. Troch de Kartagers waard dizze died beskôge as in oarlochsferklearring. By it earste belis fan [[Slach by Agrigentum|Agrigentum]] yn 262 f. Kr. koenen de Romeinen har noch behelpe sûnder in eigen oarloachsfoat. De Kartagers moasten har nei sân moannen duorjende belegering oerjaan. De ûnderfinings opdien by dizze slach die beide legers fan strategy feroarjen. De Kartagers hienen yn de gaten krigen dat de Romeinen te lân min te ferslaan wienen, mar dat sy op see it sterkst wienen. Sy foelen dêrom de befoarriedingskippen fan de Romeinen oan. De Romeinen op har beurt besochten in float te bouwen.
 
Omdat de striid op SysyljeSisylje gjin fêst resultaat hie, foel konsul [[Markus Atilius Regulus]] yn [[256 f. Kr.]] [[Afrika]] binnen. De Kartagers waarden lykwols rêden troch de [[Sparta (Grikelân)|Spartaanske]] hierlingengeneraal [[Ksanthippos]] en stjoerden letter generaal [[Hamilkar Barkas]], de heit fan [[Hannibal Barkas|Hannibal]], nei SysyljeSisylje om de [[Grikelân|Grykske]] stêden te feroverjen.
 
Utsein boppesteande opsomming fan militêre kampanjes op lân, waard it grutste part fan de kriich op see fierd, it wie in seekriich, mar fral in maritime ôfmêdingsslach. Hoewol't Kartago ynearsten de grutste float hie, koe it har oerwicht net ta jilde meitsje omdat de hearskjende hannelselite fan dy stêd einliks net sa bot yn de kriich ynteresseare wie. Sels op it hichtepunt fan de kriich waard der tusken Romeinske en Kartaagske keaplju gewoan hannel dreaun!
Rigel 21:
De kriich smiet lykwols gjin beslissende súksessen op en nei goed tweintich jier wie de skatkiste fan beide partijen sa goed as leech.
 
Doe't [[Hamikar Barkas]] yn [[247 f. Kr.]] op SysyljeSisylje it Kartaagske oerbefel krige en dat jier troch snelle oanfallen in protte earder op de Romeinen ferlern rekke terrein werom wûn, bleau Rome neat oars oer as nettsjinsteande de lege kas opnij in float gear te stallen. Diskear sprong de Romeinske aristokrasy by. De finansiering fan de float mei priveejild waard feilich steld troch de garânsje op weromstoarting by in oerwinning op Kartago. Yn [[241 f. Kr.]] besliste konsul Lutatius Katulus lang om let de kriich troch de Punyske float in swiere nederlaach ta te bringen (de [[Slach by de Egadyske Eilannen]]. De Kartagers longeren nei dat ferlies nei frede en wienen ree om in foar harren ûngeunstige frede te sluten.
 
[[Kategory:Aldheid]]