Ede Staal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 3:
Ede waard yn [[1981]] ûntdutsen troch in meiwurker fan [[Radio Noord]], [[Engbert Gruben]] dy't al gau yn'e rekken hie dat Ede wat bysûnders wie. Yn [[1982]] waard ''Mien Toentje'' de werkenningsmelodij fan in tûnkersrubryk op Radio Noord. It grappige ferske waard tige populêr en al gau waard Ede dé folksjonger fan Grinslân mei Engbert Gruben as grutste fan. Der kamen in protte oanfragen foar optredens mar dêr gie Ede komselden op yn. Yn 1984 kaam der in plaatsje út mei fjouwer ferskes mei de namme: ''Man, man, man, wat 'n boudel''. Syn seldsume optredens wiene in grut sukses.
 
Yn desimber [[1984]] kaam Ede's earste [[Langspylplaat|LP]] út, mei tolfe Grinzer ferskes. De plaat mei de titel ''Mien Toentje'' wie in geweldich sukses. It tal platen dat ferkocht waard lei op it nivo fan in lanlike topplaat. Yn jannewaris [[1985]] moast Staal in swiere operaasje ûndergienûndergean. Pas yn novimber fan dat jier koe er wer optrede op it Mollebonefestival yn Delfsyl. Begjin [[1986]] krige Staal in fêste rybryk by it Radio-Noord programma ''Sloaperstil''. Syn teltsjes waarden wykliks útstjoerd op sneintemoarn, en in tal dêrfan binne publisearre yn it blêd ''Toal en Taiken''.
 
Krekt doe't syn karriêre begon te rinnen waard bekend dat Staal maachkanker hie. Op 22 july 1986 is hy ferstoarn nei in koarte mar suksesfolle artistyke karriêre yn syn buorkerij oan de Farmsumerwei ûnder Delfsyl. Yn dat plak is er ek begroeven.