Tsjerkhôf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kat
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Vladslo - Sint-Martinuskerk 1.jpg|right|thumb|250px|Tsjerkhôf om de tsjerke hinne.]]
In '''tsjerkhôf''' is deit [[begraafplak]] yn de hôf ([[tûntún]] of erfhiem) by in [[Tsjerke (gebou)|tsjerke]] dêr't de lichems fan ferstoarne persoanen begroeven wurde. Eartiids waarden alle deaden op it tsjerkhôf begroeven. Tsjintwurdich binne der grutte begraafplakken dêr't ek de [[urn]]en mei jiske fan [[kremaasje|kremearde]] lichems begroeven wurde.
oanfolling
== Skiednis ==
In moai tsjerkhôf hawwe bygelyks [[Stiens]] en [[Rinsumageast]]. Mooglik wie hjir eartiids in heidensk begraafplak, al as net by in timpel. Yn de midsieuwen krige it troch it begraven in grut plak. Ferskate wegen rûnen der hinne, tsjerke- en [[lykwei|lykwegen]]. Op it tsjerkhôf jilde [[asylrjocht]]. It wie in wijd plak: ûnbekenden, net-doopte bern en selsmoardners mochten hjir net begroeven wurde. It tsjerkhôf wie 'befrijd' troch in wâl, letter muorre, in grêft of in stikelhage. Sa krige it in festingkarakter. Om it tsjerkhôf, binnen de ôfskieding, rûn in ringwei, in âld prosesjepaad fan 2-2,5 meter ('lykpaad', 'wanneling') wêroer't de deaden droegen waarden. It tsjerkhôf wie lang ferlyn ek gearkomstplak en rjochtplak, wêroan dikke balstiennen noch herinnerje; letter noch boartersplak foar bern en bleekfjild foar de froulju. Ek jiermerken waarden der hâlden.
 
== Tsjerkhôfruster ==
Oer de kûle dêr't it it tsjerkepaad de ôfskieding fan it tsjerke krúste leifaak in houten ruster mei in draaikrús (tourniquet). Yn Stiens wienen der yn de [[20e ieu]] noch oerbliuwsels fan te sjen. Yn de [[16e ieu] en letter wienen der noch tsjerkhôfrusters yn [[Grou]], [[Jirnsum]], [[Akkrum]] en Rinsumageast. Op dit tsjerkhôfruster waarden [[eed|eden]] ôflein. It tsjerkhôfruster sie de duvel keare (en de bargen, en de slimste modder fan de skuon.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
* {{EvF|Kerkhhof}}
}}
[[Kategory:Dea]]
[[Kategory:Kultuer]]