Suëtoanius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
noch wat tikflaters
Rigel 1:
'''Suetonius''', folút yn it [[Latyn]]|: '''Gaius Suetonius Tranquillus''', ([[69]]/70 – [[140]]) wie in Romeinske skriuwer en skiedkundige. Hy wurdt wol beskôge as Romes grutste biograaf út de keizerstiid. Yn syn wurken skriuwt Suetonius oer it libben fan de keizers en hy hie dêrby in protte oandacht foar persoanlike bysûnderheden. Troch lettere skriuwers is er in soad nijfolgeneifolge.
 
== Libben ==
Rigel 7:
Suetonius is de wichtichste Romeinske fertsjintwurdiger fan de [[biografy]], de libbensbeskriuwing fan de keizers dy't destiids net folle oansjen hie. Omdat er wurke hie foar de machtichste persoanen fan syn tiid, wist er ek in protte oer it libben fan de keizers te fertellen.
 
Yn syn wurk skriuwt Suetonius net folle oer de politike en militêre foarfallen, mar hat hy it benammen oer de de yntriges fan de keizers, harren deugden en goeie eigenskippen en - foaral - harren minne eigenskippen, harren smoargens en wredens. Alle hearskers sûnt [[Julius Caesar]] komme oan bod en oer de ien is er wat wiidweidiger as oer de oare. In inkeldenieninkelden ien komt er by him goed fan ôf en it byld dat er skept fan de keizers is net al te bêst.
 
Suetonius skriuwt syn ferhalen altiten neffens in fêst stramyn: hy bejintbegjint hieltyd mei in beskriuwing fan it libben oant de amtsoanfearding, dêrnei komt in rige rubriken en as slot beskriuwt er op hokker wize de keizer oan syn ein komt.
 
It ferskil mei oare skiedkundigen lykas [[TacitusTasitus]] sit him hjiryn, dat Suetonius him mear dwaande hâlde mei de persoanlike bysûnderheden fan de keizers, wylst Tasitus in protte omtinken hie foar de gronology fan de foarfallen. De libbensbeskriuwings fan Suetonius binne aardich om te lêzen, mar de literêre kwaliteit en psychologyske djipgong bliuwt efter by oare skriuwers. De krêft fan Suetonius sit him yn de details en de talrike [[anekdoate]]s. Troch Suetonius witte wy frij krekt hoe't de keizers derút seagen en hokker yntressesynteresses sy hienen.
 
=== ''De Viris illustribus'' ===
Rigel 17:
 
=== ''De Vita Caesarum'' ===
It wichtigstewichtichste boek dat wy fan Suetonius hawwe is wol de ''Vita Caesarum'', in libbensbeskriuwing fan tolwetolve keizers, fanôf [[Julius Caesar]] (einlik gjin keizer, mar "diktator foar it libben") oant [[Domitianus]]. It wurk bleau likernôch kompleet bewarre: allinnich it earste part fan de tekst oer Julius Caesar is fuort.
 
De ''Vita Caesarum'' is skreaun yn ienfâldich [[Latyn]] en benammen bedoeld foar it grutte publyk, dat mear ynteresse hie yn smeulske ferhalen út it libben fan de keizers, as dat sy grutte feiten en foarfallen út it steatslibben fan de keizer witte woenen. Suetonius koe foar it skriuwen fan syn boeken helje út de him ta beskikking steande keizerlike argiven, en benammen út de mûnlinge ynformaasje fan familjeleden en oare oanbringers. Hy sammele de ynformaasje foar syn haadwurk by inoar sa om [[121]] hinne.